Jansen: "We hebben geknokt voor deze overwinning"

20 jan 2021 - 20:41

"Het was een terechte penalty", seit trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean nei ôfrin fan de bekerwedstriid tsjin FC Emmen. "We hebben terecht gewonnen." It waard 2-1 foar Hearrenfean.

Foto: Orange Pictures

"We hebben als team karakter getoond en geknokt voor de overwinnng", seit Jansen. Hearrenfean hie al tsien kompetysjewedstriden op rige net mear wûn. In penalty yn de slotfaze beslikke de bekerstriid yn it foardiel fan de Feansters. Se sitte no by de lêste acht.

"Er ziet karakter in de ploeg. Geloof in de ploeg. Dat is mooi. Dat hebben we laten zien. Daar ben ik echt heel erg blij mee."

Johnny Jansen

De earste grutte kânsen wiene foar FC Emmen. "Dat hadden we niet goed voor elkaar", seit Jansen. "We hebben het plan aangescherpt. De druk erop gezet. Volgens mij hebben we terecht gewonnen."

It is noch net dúdlik wa't de tsjinstanner wurdt fan Hearrenfean, yn de kwartfinale. Wol is dúdlik dat Hearrenfean dan thús spilet. "Nu door. Mooi man. Ik weet niet wanneer de loting is, maar ik kijk er naar uit."

"We moeten weer wedstrijden gaan winnen"

De winst tsjin Emmen moat in kearpunt wêze foar Hearrenfean, seit Joey Veerman. Hy skoarde yn de lêste minút fan de wedstriid, út in penalty. "Dit was het begin. We moeten weer wedstrijden gaan winnen."

Veerman stiet net lang stil by de bekerewinst. Hy rjochtet de blik op de kompetysje. "Zaterdag staat er weer een wedstrijd op het programma. Die moet ook gewonnen worden."

Joey Veerman

(Advertinsje)
(Advertinsje)