Hearrenfean bekeret fierder nei muoisume oerwinning tsjin 'maklike tsjinstanner'

20 jan 2021 - 18:43

SC Hearrenfean hat de bekerwedstriid tsjin FC Emmen wûn. De oerwinning moast foar de helsdoarren wei komme. Nei 90 minuten wie it lykspul, mar yn de absolute slotfaze fan de wedstriid krigen de Friezen in penalty. Joey Veerman miste net. Einstân: 2-1

Foto: Orange Pictures

SC Hearrenfean is de lêste Fryske klup dy't meidie oan it bekertoernoai. Ein desimber waard SC Cambuur útskeakele troch Go Ahead Eagles. En amateurklup Harkemase Boys is troch de KNVB út it toernoai helle omdat sportwedstriden foar amateurs ferbean binne om fierdere fersprieding fan it coronafirus foar te kommen.

Flak foar de ein fan de earste helte skoarde Sergio Peña foar FC Emmen. Hearrenfean kaam healweis de twadde helte op likense hichte, troch in doelpunt fan Benjamin Nygren. Dy stie net yn de basis, mar spile pas mei fanôf minút 46. Hearrenfean wie bepaald net de bettere ploech, mar neidat Joey Veerman yn de absolute slotfaze fan de wedstriid skoarde út in penalty, koe Emmen neat mear dwaan.

FC Emmen - SC Hearrenfean: 1-2 (1-0)

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Dresevic, Bochniewicz, Woudenberg (65. Kaib); Halilovic (78. Hajal), J. Veerman, De Jong (78. Kongolo), Van der Heide (46. Nygren), H. Veerman en Van Bergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)