HEA! It draaioargel fan Klaas Tolsma

20 jan 2021 - 16:26

De pake en heit fan Klaas Tolsma giene him al foar mei it draaioargel. Sûnt 1964 soarget de famylje foar ferdivedaasje en dat is foaral yn dizze tiid belangryk. Diskear draait Klaas Tolsma yn Hallum dêr't Aede & Sjoukje harren 60-jierrich houlik fiere. Tolsma waard ynskeakele om dizze bysûndere dei dochs wat feestlik te meitsjen, no't de famylje net yn 'e hûs op besite komme kin.

Hea! It draaioargel fan Klaas Tolsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)