Wurkstraf ûnder betingst foar man dy't ruten húsdokter ynsmiet

In 55-jierrige man fan De Gordyk dy't yn oktober 2019 de ruten fan in húsdokterpraktyk yn syn doarp ynsmiet, is feroardiele ta 40 oeren wurkstraf ûnder betingst. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank woansdei bepaald. De man wie lilk om't er gjin medisinen krige.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte hie earst al belle dat er medisinen hawwe moast. Doe't in meiwurkster sei dat dat net koe, kaam hy nei de praktyk ta. Dêr krige hy lykwols ek nul op it rekest. De man waard poer: hy sloech mei syn fûsten op de baly en smiet mei in stoel.

Husdokter bedrige

Mei stiennen dy't hy fan in boupleats pakte, smiet de Gordykster twa ruten yn. Goed in moanne letter hie hy ien fan de húsdokters bedrige. Hy soe sein hawwe dat hy de dokter opwachtsje soe en him 'pakke' soe.
De fertochte soe yntusken syn ekskuzen oanbean hawwe en sels in boskje blommen nei de praktyk brocht hawwe.

Tuskenoplossing

Neffens de advokaat fan de Gordykster is der in tuskenoplossing fûn en wurdt de man no eltse trije wiken troch syn húsdokter belle om te hearren hoe't it giet.
De rjochter feroardiele de man ta in wurkstraf fan 40 oeren, folslein ûnder betingst. De Gordykster moat him melde by de reklassearring en hy moat in ambulante behanneling ûndergean.