RIVM meldt 195 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 195 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der ûngefear likefolle as in dei earder. Doe wiene it 202.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân mei 35 Dêrnei komme Achtkarspelen mei 23 en Smellingerlân mei 22.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om in ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Der binne fiif Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus. Twa dêrfan komme út de gemeente Tytsjerkstreradiel.
Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 5615 besmettingen fêststeld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.