Sybrand Buma: "Wachtsje net op de hanthavener, mar folgje de regels sels"

20 jan 2021 - 14:58

Minsken moatte net útflechten sykje om ûnder de jûnsklok út te kommen dy't takom freed yngiet. Dat seit Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân. De ferantwurdlikens leit neffens Buma by boargers sels en net by hanthaveners.

Buma jout ta dat it lestich te kontrolearjen is oft minsken wol echt bûten wêze meie en hanthavening kin dêrom dreech wêze. "Een avondklok betekent niet naar buiten gaan tot een politieagent je een boete geeft. Zo werkt het niet."

"Wacht niet op handhaving"

Der jilde útsûnderings, bygelyks foar minsken dy't oan it wurk moatte of om medyske redenen nei bûten ta moatte. De hûn útlitte mei ek. Minsken moatte neffens Buma lykwols net de doar út gean as se dêr gjin goede reden foar hawwe. "Wacht niet op de handhaver, maar volg de regels omdat dat in je eigenbelang is."

De jûnsklok is neffens de boargemaster wichtich om't dy foarkomme moat dat hjir situaasjes ûntstean lykas yn it Feriene Keninkryk, dêr't de sikehûzen folrinne en de soarch it hast net mear oankin. "Als we nu niet optreden, kan dat hier ook gebeuren."

Mienings ferdield

Yn it oerlis mei de oare boargemasters wiene de mienings oer de jûnsklok ferdield, fertelt Buma: "Er waren verschillende posities. De een ziet er meer in dan de ander. Mijn mening is: als het helpt en het is nodig, dan moeten we het doen. Als dat niet zeker is, moeten we het niet doen." Dy needsaak is no heech.

Soere apel

Ek de maatregel dat der aanst thús noch mar ien persoan op besite komme mei yn stee fan twa is in fierdere beheining. "De situatie is kritiek: we moeten voorkomen dat de Engelse variant te snel om zich heen grijpt. We moeten nu streng zijn en niet over aantal weken zeggen dat we achteraf gezien door de zure appel heen hadden moeten bijten."

Wichtichst is neffens Buma no foarkomme dat noch mear minsken ferstjerre en dat de sikehûzen fêstrinne. "Dan is er richting de zomer perspectief op vrijheid. We kunnen met z'n allen het probleem bestrijden. Dus blijf thuis."

(Advertinsje)
(Advertinsje)