Jûnsklok fan 20.30 oant 04.30 oere: dizze maatregels wol it kabinet ynfiere

20 jan 2021 - 14:08

Net mear bûten komme tusken 20.30 oere en 04.30 oere, heechút ien gast op besite en minder fleanferkear. Dat binne trije fan de maatregels dy't premier Rutte en minister De Jonge oankundigje tsjin fierdere fersprieding fan it coronafirus.

Foto: Omrop Fryslân

De Twadde Keamer moat noch prate oer de lêste maatregels. Dy moat tastimming jaan foar de plannen fan it kabinet. Wa't him net oan de jûnsklok hâldt, kin in boete fan 95 euro krije.

Der jilde wol wat útsûnderingen. Minsken dy't jûns of nachts op 'en paad binne foar it wurk, moatte in ferklearring fan de wurkjouwer sjen litte kinne. En as it om medyske redenen nedich is, meie je de dyk ek op. De hûn útlitte mei ek.

De jûnsklok jildt oant en mei 9 febrewaris.

De jûnsklok jildt oant 4:30 oere - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

'Jûnsklok helpt it bêst'

It kabinet woe dat jûnsklok freed yngiet, mar earst moat de Twadde Keamer it deroer iens wêze. Dy prate dêr tongersdei oer. De jûnsklok komt der net earder as sneontejûn.

It Outbreak Management Team (OMT), dat it kabinet advisearret oer de corona-oanpak, tinkt dat in jûnsklok liede kin ta in relevante delgong fan it tal coronagefallen begjin febrewaris. Der binne gjin oare maatregels dy't like bot helpe, seit it OMT, útsein as elkenien elk momint fan de dei thús bliuwe moat.

Neffens it OMT giet it R-getal (dat oanjout hoefolle minsken besmet wurde troch 1 persoan) mei 8 oant 13 prosint omleech troch in jûnsklok. Se basearje har op Frankryk.

Mear maatregels

It kabinet wol ek dat minsken minder gasten thús ûntfange: maksimaal ien gast deis. Dat wienen twa.

By útfearten meie mei yngong fan moandei 25 jannewaris noch maksimaal 50 minsken wêze. Dat wienen maksimaal 100.

Fierder moatte reizgers út lannen mei in heech risiko nei Nederlân in sneltest dwaan. Der komt ek in karantêneplicht fan tsien dagen, yn stee fan in advys. Dêr wurdt ek op kontrolearre. Salang't dat noch net regele is, komt der in fleanferbod foar reizgers út it Feriene Keninkryk, Súd-Afrika en hiel Súd-Amearika.

(Advertinsje)
(Advertinsje)