Nasjonaal foarlêsmoarnsbrochje online en op It Hearrenfean yn sân talen

Dit jier gjin bern yn pyama nei skoalle en gjin bekende skriuwers yn de klasse, mar dochs gie it Nationale Voorleesontbijt op ferskate Fryske skoallen gewoan troch. Mar dan wol digitaal en thús, mei in foarlêsfilmke op de laptop op tafel en yn guon gefallen in moarnsbrochje dat troch de masters en juffen thúsbrocht waard.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It Nationaal Voorleesontbijt wurdt al in oantal jierren hâlden om mear omtinken te freegjen foar foarlêzen. Sa meitsje se der op de Sint Jozefskoalle op It Hearrenfean altyd in hiel feest fan yn de sintrale hal fan de skoalle. Alle bern komme dan yn pyama nei skoalle ta en nimme knuffels mei. Mar dit jier binne de measte bern troch de lockdown thús en dus hawwe se in alternatyf plan betocht.
"We hebben voor de kinderen allemaal een tasje klaargemaakt met een lekker ontbijtje en we hebben zelf een voorleesfilmpje gemaakt dat ze thuis kunnen kijken", fertelt juf Francis Flapper. Al om sân oere gongen de juffen fan de skoalle op 'en paad om de goed 60 pakketten by del te bringen.
Ien fan de bern dy't it pakket krijt, is de seisjierrige Rinze Dikland. Hy is der wakker wiis mei. "Ik schrok eerst wel heel erg van de bel, maar ik vind alles in het pakket heel lekker en het filmpje is heel leuk."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It foarlêsmoarnsbrochje op de Sint Jozefskoalle is wol efkes oars as by oare skoallen. En dat hat alles te krijen mei it grutte ferskaat oan nasjonaliteiten dy't se hawwe op de skoalle. Flapper: "Ik geloof dat er wel 16 of 17 verschillende talen worden gesproken bij onze kinderen thuis en daar moesten we in dit project wel rekening mee houden. De ouders moeten wel kunnen voorlezen en dat gaat in het Nederlands gewoon niet zo makkelijk."
En dus ha se der by de Sint Jozefskoalle foar keazen om it boekje dat by it Nationaal Voorleesontbijt heart oer te setten yn sân ferskillende talen. "Het Nederlands krijgen de kinderen hier op school wel mee, maar zo kunnen de kinderen thuis ook voorgelezen worden."