Benammen ynternasjonale studinten yn Ljouwert hawwe it dreech

20 jan 2021 - 13:11

Lanlike ûndersiken wize út dat studinten soms hurd rekke wurde troch de lockdown en dat se lêst hawwe fan mei iensumens en motivaasjeproblemen. Neffens direkteur Froukje Meijerink falt dat op NHL Stenden yn Ljouwert hegeskoalle ta, al binne der - benammen ûnder ynternasjonale studinten - útsûnderings.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"De iene studint is de oare net. Elts giet der op syn eigen manier mei om", seit Meijerink. De hegeskoalle besiket studinten dy't dat nedich hawwe ekstra stipe te jaan. "Studinten kinne altyd de luisterlijn belje as se klem sitte. Dêr sitte minsken achter dy't harren te wurd stean kinne."

Dêrneist hat NHL Stenden online selshelpmodules foar mentale stipe. "We hawwe online ek ynteraktive workshops, saneamde feelgood workshops." Dêrmei kinne de studinten efkes wat oars by de ein hawwe én komme se yn kontakt mei oare studinten.

Meijerink: "Dat kontakt is no fia in skermke en sy wolle fansels live kontakt hawwe mei elkoar. Se wolle mei elkoar yn de klasse sitte. Dat is no in grut gemis, want dat kin gewoan net."

Fier fan hûs

Benammen de ynternasjonale studinten hawwe it neffens Meijerink dreech. "Sy binne fier fan hûs en sitte faak allinnich op harren keamer." De Nederlânske studinten kinne faaks noch nei harren âlden ta, mar dat is foar de bûtenlânske studinten gjin opsje. "Dêrfoar hawwe wy stúdzjecoaches, mei wa't se kontakt opnimme kinne as se har net goed fiele."

Ekstra oandacht

De hegeskoalle organisearre yn de krystfakânsje noch spesjale online aktiviteiten, dêr't minsken dy't net nei harren famylje ta koene har foar oanmelde koene. "Wy besykje alles op alles te setten om harren ekstra oandacht te jaan. Se binne in aparte doelgroep."

Dat studinten it dreech hawwe, is lykwols net werom te sjen yn de stúdzjepunten, seit Meijerink: "Dy binne net folle minder as foarich jier yn dizze tiid. Dat is dus best wol goed."

Jûnsklok

Meijerink fynt it lestich om te sizzen hoe't it komt as der in jûnsklok komt. "Wy hawwe jûns ek lessen, om't we de lessen spriede wolle oer de dei om sa folle mooglik studinten fysyk op skoalle ta te litten. We witte net oft dy lessen aanst noch trochgean kinne."

NHL Stenden-direkteur Froukje Meijerink

(Advertinsje)
(Advertinsje)