Ald-Cambuurtrainer Henk de Jonge ferstoarn (74)

20 jan 2021 - 12:04

Ald-Cambuurtrainer Henk de Jonge is dizze wike op 74-jierrige leeftiid ferstoarn. Dat meldt de Ljouwerter fuotbalklup op de webside. De Jonge wie haadtrainer fan SC Cambuur fan 1980 oant en mei 1983.

Foto: SC Cambuur

De Jonge wie yn syn lêste jier as einferantwurdlike tichtby promoasje nei de earedifyzje. Nei in fiifde plak yn de reguliere kompetysje kaam SC Cambuur dat jier mar ien punt tekoart yn de neikompetysje.

Nei syn tiid by Cambuur wie De Jonge noch efkes aktyf foar NAC Breda en net lang dêrnei ferdwûn hy út de fuotballerij mei psychyske klachten.

Wol bleau hy Cambuur altyd folgjen en yn in ynterview mei Voetbal International út 2016 ferklearre hy syn âlde klup de leafde: "De mooiste tijd was die bij PSV. Maar de club waar ik het meeste van hou, is Cambuur."

Oan de ein fan syn libben ta bleau hy belutsen by de klup. 'SC Cambuur verliest met De Jonge een bevlogen en fanatieke oud-trainer met een groot clubhart', is te lêzen op de webside fan Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)