Fryslân komt mei moasje fan treurnis oan Europeeske Kommisje

20 jan 2021 - 11:31

De Provinsjale Steaten fan Fryslân komme mei in moasje fan treurnis oan de Europeeske Kommisje om't dy gjin wurk makket fan it Minority SafePack; it boargerinisjatyf om lytsere talen lykas it Frysk better te beskermjen.

Fryske flagge - Foto: Omrop Fryslân

It Minority SafePack is in inisjatyf fan de FUEN, in organisaasje dy't opkomt foar minderheden troch hiel Europa. Se kamen mei it pakket omdat de Europeeske Uny de lêste jierren gjin belied mear hat op it mêd fan minderheidstalen.

It inisjatyf waard ûndertekene troch mear as in miljoen Europeanen, ûnder wa in soad Friezen, en it koe ek rekkenje op stipe yn it Europeesk Parlemint. Dochs waard it fersmiten. Neffens de Kommisje wurdt der al in soad dien en heakje nije wetten neat ta.

De moasje is op inisjatyf fan de FNP en kin rekkenje op de stipe fan de folsleine Provinsjale Steaten. Sy binne der min oer te sprekken dat de Europeeske Kommisje "streekrjocht yngiet tsjin de oprop fan de Fryske Steaten" en dat dy hâlding "skea docht oan de demokratyske legitimiteit fan de EU".

(Advertinsje)
(Advertinsje)