Steatefraksje FvD falt útelkoar: fraksjefoarsitter Goudzwaard giet nei JA21

20 jan 2021 - 10:09

De Steatefraksje fan wat earder Forum voor Democratie wie falt no dochs útelkoar. Fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard giet fierder ûnder de flagge fan JA21, deselde partij dêr't er him ek ferkiesber foar stelt by de Twadde Keamerferkiezingen. De oare fiif steateleden geane troch ûnder de namme Forum Fryslân en bliuwe ferbûn mei Forum voor Democratie, sa fertelde Grite Wymenga-Kooistra woansdei yn de steaten.

Foto: Omrop Fryslân

De Steateleden dy't foar Forum voor Democratie yn Provinsjale Steaten kamen, splitsten har yn novimber ôf nei de rebûlje by de partij. Se bleaune earst wol byelkoar ûnder de namme Onafhankelijke Statenfractie (OSF), mar no giet Goudzwaard dus dochs selsstannich fierder. "Na meerdere intensieve overleggen is gebleken dat de huidige opzet van Forum Fryslân geen basis kon bieden voor een duurzame constructieve samenwerking", skriuwt er.

De rest fan de fraksje hat 'nei eigen ûndersyk' besletten om fierder te gean mei Forum van Democratie. De fraksje hie it de ôfrûne tiid net maklik, sa waard dúdlik út de ferklearring fan Grite Wymenga. "Er waren twee kampen. Ratio, gevoel en emotie streden om voorrang." By eintsjebeslút behâlde fiif fan de seis Steateleden dochs betrouwen yn partijlieding en partijbestjoer.

Steatelid Grite Wymenga-Kooistra bliuwt dochs by Forum voor Democratie - Foto: Omrop Fryslân

Ein ferline jier wie der rebûlje by Forum voor Democratie, nei rasistyske, anti-semityske en homofobe berjochten by de jongereinôfdieling. Tal fan politisy ferlieten de partij. Pommeranten Joost Eerdmans en Annabel Nanninga rjochten JA21 op. De Fryske fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard hat him by dy partij oansletten. It Fryske Steatelid Erwin Jousma stiet foar Forum voor Democratie op de lanlike kandidatelist.

JA21 is lanlik de partij fan Joost Eerdmans en Annabel Nanninga. Goudzwaard stiet op plak 4 fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen.

Earder sei Goudzwaard dat de âld-FvD'ers sykje soenen nei in wurksume foarm foar de fraksje. Dat Erwin Jousma weromgien is nei de nasjonale fraksje fan Forum voor Democratie, soarget net foar twaspjalt yn de Steaten, sei Goudzwaard oardel wike lyn noch yn It Polytburo. "We ha altyd moai gearwurke en we sjogge genôch oanknopingspunten om mei-inoar troch te wurkjen. It ferkiezingsprogramma fan Forum voor Democratie is yn de basis goed." No hat bliken dien dat dy gearwurking dochs net 'duorsum konstruktyf' wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)