Hoe meitsje je foarlêzen oantreklik? "Vermijd moeilijke woorden niet"

20 jan 2021 - 09:40

Woansdei is de ôftraap fan de nasjonale foarlêsdagen: in kampanje troch hiel Nederlân om it foarlêzen oan bern te stimulearjen. It doel is om dúdlik te meitsjen wat de foardielen binne fan lêzen en foarlêzen. "Als kinderen voorgelezen worden, vinden ze lezen zelf ook leuker", seit Piers van der Sluis fan Cedin, in advysorganisaasje foar it ûnderwiis yn it Noarden.

Foto: Omrop Fryslân

Van der Sluis hâldt him by Cedin dwaande mei taal en lêzen. Alderhande rapporten toane oan dat bern it lêzen hieltyd minder aardich fine. Foarlêzen kin helpe om dat oantrekliker te meitsjen. "Het zorgt voor leesmotivatie. Met voorlezen zorgen we ervoor dat kinderen zelf meer gaan lezen. Dat kun je 1 op 1 zien."

Bern wurde noch in soad foarlêzen tusken de 3 en 7 jier, seit Van der Sluis. "Maar daarna neemt het heel erg af. Eigenlijk zou dat voorlezen door moeten gaan."

Tips

En hoe meitsje je it foarlêzen dan oantreklik? "Het moet in ieder geval een leuk moment zijn dat je samen hebt", seit Van der Sluis. "Praat ook eens met een kind over een boek dat je samen gelezen hebt. Vermijd geen moeilijke woorden, maar leg ze uit. En probeer gevarieerde boeken te lezen, ook verhalenboeken of gedichten. Daarvan weten we dat het het voorlezen leuk en aantrekkelijk maakt."

Frysk kin prima

As je Frysk prate, kin it foarlêzen ek prima yn it Frysk. "Er wordt wel gezegd dat je het beter niet in het Fries kunt doen, maar uit onderzoek weten we dat daar niets van waar is. Dat maakt niets uit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)