Universiteiten ûndersykje toanielkultuer yn Fryslân, Cornwall en Liiflân

Toaniel is ien fan de wichtichste pylders ûnder it Fryske bewustwêzen. Op amateurnivo besteane in soad doarpstoanielklups, op profesjoneel nivo ha je ûnder oare Tryater en dêrtuskenyn sit it bloeiende fenomeen fan de iepenloftspullen. De universiteit fan Grins wol no ûndersyk dwaan nei de toanielkultuer yn Fryslân.
© Omrop Fryslân
Mei universiteiten yn Cornwall en Liiflân (op de grins fan Estlân en Letlân) ha de Grinzer ûndersikers goed twa ton oan Europeeske subsydzje binnenhelle foar it ûndersyk. De ûndersikers sjogge dêrby ûnder oare nei hoe't nijkommers it toaniel yn in minderheidstaal wurdearje. "Stel no dat je fan bûten komme en je wolle meidwaan, hoe fielt dat?", freget Goffe Jensma fan de learstoel Fryske taal- en letterkunde him ôf. "Fiele je je ynsletten of bûtensletten?"
It toaniel yn de eigen taal is net allinnich in ferskynsel yn Fryslân. "Oeral yn Europa sjogge we dat minderheden en minderheidstalen noch yntakt binne. As it om toaniel giet, hoe ferhâlde de nijkommers har ta tradisjoneel toaniel?" Mei nijkommers giet it om minsken dy't nij binne yn Fryslân, of dus yn Cornwall of Liiflân.

Undersyk dwaan is lestich

Dat wolle Jensma-en-dy dus op trije nivo's ûndersykje: doarpstoaniel, iepenloftspullen en profesjoneel nivo. Om dat te ûndersykjen, is yn tiden fan corona wol dreech. "We dogge ynterviews mei minsken dy't deroan meidogge, minsken dy't dernei sjogge. En dat ferlykje we mei oare regio's. Mar corona is in drama. Allegear ûndersikers sitte no op 'e hannen, se kinne net yn beweging komme. Mar it is gjin reden om it oergean te litten. We sykje nei oare middels, miskien moatte we mear mei de kompjûter dwaan."
De resultaten fan it ûndersyk wurde ferlike mei dy yn de oare twa ûndersyksgebieten. Dat moat foar alle trije regio's nije ynsichten jaan en dúdlik meitsje hoe't je de minderheidskultueren sichtberder en sterker meitsje. It ûndersyk sit yn de opstartfaze en rint oant 2023.