Keamer wol ôf fan wegeramtners

15 nov 2011 - 16:58
  • Twadde Keamer wol ôf fan ferpofamtners

Ien fan de ferneamdste wegeramtners fan Nederlân, Nynke Eringa, mei op termyn net mear wegerje om homopearen te trouwen. Dat is it gefolch fan in moasje dy't de Twadde Keamer tiisdei oannaam hat.

De moasje ropt it kabinet op om mei in wet wegeramtners gjin romte mear te jaan om beswier te meitsjen tsjin it yn de echt ferbinen fan twa froulju of twa manlju.

Nynke Eringa waard tsien jier lyn bekend, doe't se as earste trouamtner wegere in homostel te trouwen, omdat se dêr gewissensbeswieren tsjin hie. Se waard ûntslein, mar focht har ûntslach mei súkses oan. Se hat noch in kontrakt oant 2015.

It COC Fryslân is bliid mei it beslút fan de Keamer. Foarsitter Cees van Baalen fynt it de normaalste saak fan de wrâld dat amtners ek homostellen trouwe.

(advertinsje)