Slachtoffer bystânsaffêre Hearrenfean frustrearre nei gearkomste gemeente

20 jan 2021 - 06:58

De gemeente Hearrenfean seit dat it mei rjocht en reden jild werom easket yn de bystânsaffêre oer boadskippen. De affêre kaam in moanne lyn oan it rôljen doe't bekend waard dat in frou fan It Hearrenfean 9.000 euro werom betelje moat. Se hie boadskippen krigen fan har mem.

Minkie Brandsma, de mem fan it slachtoffer - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Dy mem, Minkie Brandsma. seit dat har dochter sels de boadskippen betelle. De gemeente sjocht de boadskippen as 'struktureel jild om yn it libbensûnderhâld te foarsjen'. "Dêr is de bystân foar bedoeld en dus moat de gemeente dat jild neffens de wet weromfreegje as dy minsken it al krije", sei wethâlder Hedwich Rinkes yn in spesjale gearkomste fan de gemeente.

Minkie Brandsma die har ferhaal nei't in frou yn de gemeente Wijdemeren yn Noard-Hollân earder nei bûten kaam. Sy moast ek tûzenen euro's werombetelje. "Doe't it doedestiids dreech gong mei myn dochter, ha wy har holpen. Sy koe alle dagen by ús ite en dan kocht sy de boadskippen foar ús en foar harsels, ek om har maatskiplik wat yn beweging te hâlden. Dy boadskippen betelle se sels en wy betellen har letter de boadskippen dy't foar ús bedoeld wiene werom, want dat wie ús iten. Sa ha wy dat jierren dien."

Wethâlder wiist nei de wet

Mar neffens de gemeente mei dat net. Wethâlder Rinkes wiist nei de wet: "De partisipaasjewet stelt dat it jild foar libbensûnderhâld is. Yn dy wet is fêststeld wat dêrûnder falt, sa as hier en iten en drinken. Wannear't in persoan struktureel jild krijt fan in oar om dit diel te beteljen, hoecht dit diel dus net troch de bystân betelle te wurden. Dan moat de gemeente dat jild wetlik ynhâlde. Dat dogge we net samar, mar altyd nei in petear. Der folget altyd in perioade fan respyt wêryn't de ynwenner noch de flater herstelle kin. We fiere de wet mei de holle en it hert út."

It debat yn de gemeente draait benammen oer de fraach oft der net mear nei minsken yn stee fan regels sjoen wurde moat. De gemeente folget de wetten dy't it lanlike regear útskriuwt, mar kin sels bepale hoe strang oft se mei de regels omgeane. It kolleezje sit mei dilemma's, neffens Rinkes. "Oan de iene kant moatte we in wet útfiere, oan de oare kant wolle we neist ús ynwenners stean."

Debat oer ferheging kadojild

De gemeente wurket al sa romhertich mooglik, seit Rinkes. "Mar we wolle graach dúdlikheid jaan: wat mei wol, wat mei net? It moat dúdlik wêze foar minsken dy't yn de bystân sitte, mar ek foar de omjouwing. En yntern moatte we helderheid ha."

In diel fan de partisipaasjewet bestiet ek út it frijlitten fan kadojild. Ta in bepaald bedrach hoege minsken yn de bystân gjin oanjefte te dwaan by de gemeente. "It kolleezje wol mei de ried yn petear om mear helderheid te krijen oer kadojild." Se wolle ek beprate hoe't se in kado 'frijjaan' kinne. "It giet der dan om dat ynwenners yn de bystân de gemeente net yn hoege te ljochtsjen as se in kado krije. Dy grins sette wy op 1200 euro. Under dat bedrach hoecht in ynwenner it kado dus net oan te jaan. Mei dit bedrach sykje wy de grins fan de wet op."

"Media ha iensidich byld delset"

Mar allinnich saken dy't net mei struktureel ûnderhâld te krijen ha, kinne as kado jûn wurde. In fyts bygelyks. "Dat der yn de media nei bûten kaam is dat der tûzenen euro's werom betelle wurde moatte fine wy spitich", seit Rinkes. "Mar de media ha in iensidich byld delset. It giet net om boadskippen, mar om in strukturele stipe yn it libbensûnderhâld. As der bystân weromhelle wurde moat, dan is der mear oan de hân."

Dêr ha ik gjin wurden foar. Dat ha ik net fernaam.

Minkie Brandsma fynt net dat de gemeente mei it hert hannele hat

Minkie Brandsma hold in frustrearre gefoel oer oan de gearkomste fan de gemeente. "Se stelle in grins yn foar kado's en tinke dat se it sa miskien oplost ha. Ik hear ek wol dat se wat dwaan wolle, mar ik mis de minsklike maat noch hieltyd." Wethâlder Rinkes seit dat de gemeente mei it hert hannelet. Brandsma: "Dêr ha ik gjin wurden foar. Dat ha ik net fernaam."

Se kin har ek net fine yn de útspraak fan Rinkes dat de gemeente it jild 'net kâld weromfoarderet'. "Wy ha in hiel kâlde dûs hân, dat fiel ik noch altyd. It is absolút net minsklik."

Noch lang werombetelje

Har dochter hat yntusken twa jier lang 50 euro de moanne werom betelle, dat is yn totaal 1200 euro. Dan bliuwe der noch tûzenen euro's oer. "Foar har is dat in takomstbyld: noch sa lang werombetelje, dat hinget har echt boppe de holle." De hiele situaasje soarget foar in soad stress. Brandsma har dochter hie foar de coronakrisis ek wurk, se die bot har bêst om út de bystân te kommen. "Troch corona sit se no thús, dat is hiel spitich. Se hat der muoite mei en se wol graach fan de weromfoardering ôf."

Oft it allegear goedkomt, dat wit Brandsma noch net. "'Eerst zien, dan geloven', dat is myn slogan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)