Liveblog | 20 jannewaris 2021

Coronanijs 20 jannewaris: Jûnsklok moat sneon yngean | Elektroanyske noas moat firus rûke

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 21 jannewaris 2021, 11:26
woansdei 20 jannewaris 2021
21:45

Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan woansdei 20 jannewaris. We sette noch ien kear it belangryske nijs op in rychje.
Moarn is der wer in nij liveblog, mei it lêste coronanijs út Fryslân. En yn it radioprogramma Fryslân Fannemoarn ha we ek rom omtinken foar de gefolgen fan de jûnsklok. In gedrachspsycholooch warskôget dat de druk binnen in húshâlding troch alle beheinings bot tanimme kin.
Ferslachjouwer Ronnie Porte hat op strjitte west, om te sjen wa't der nei healwei njoggenen noch bûten wie. En Jacob Stelwagen hat praat mei minsken út de hoareka, fan it bedriuwslibben, en fan sportferienings. Ien ding is wis, seit er: der is noch in soad ûndúdlik oer de jûnsklok.
20:26

GGD begjint mei faksinaasje 90-plussers

Meardere GGD's yn Nederlân begjinne nije wike mei in faksinearjen fan 90-plussers tsjin it coronafirus. De GGD GHOR meldt dat der nei ferwachting 45.000 minsken fan boppe de 90 jier yninte wurde. Dat is ûngefear de helte fan alle minsken dy't âlder binne as 90.
It giet om minsken dy't troch de húsdokter útkeazen wurde. Se moatte mobyl genôch wêze om sels nei in faksinaasjelokaasje te gean. Nije wike wurde de earste minsken útnûge. Dat meldt it ANP. It is net dúdlik oft it ek foar Fryslân jildt.
18:46

Minister: jûnsklok moat sneon yngean

It kabinet wol de jûnsklok sneon yngean litte. Dat meldt coronaminister Hugo de Jonge yn in brief oan de Twadde Keamer. Omdat it debat mei de Keamer nei moarn ferskood is, "is de voorziene ingangsdatum verschoven naar zaterdag 23 januari 2021 om 20.30 uur", skriuwt De Jonge.
18:34

Festivals en festiviteiten geane noch in jier net troch

Fryslân makket him op foar in jier sûnder gutskalige evenementen. Hoewol it noch mar jannewaris is, gean in soad festivals en oare festiviteiten net troch, se wurde oanpast of útsteld. Yntusken lizze organisatoaren wekker fan de soargen, om't se net witte wêr't se oan ta binne.
Sjoch hjir nei de reportaazje
18:25

Mear krisissitewaasjes troch coronafirus

It coronafirus soarget foar in taname fan it oantal slimme krisissitewaasjes binnen gesinnen. Neffens de organisaasje Veilig Thuis komt dit benammen troch it gebrek oan tafersjoch fan professionals. Skoallen en berneopfang binne foar in grut part ticht. Dêrtroch wurdt it no letter fernaam, as der wat mis giet.
"We zien dat er het afgelopen halfjaar meer politiemeldingen zijn binnengekomen", seit direkteur Jeanette Nijland fan Veilig Thuis. "Dan is de politie bij een gezin geweest omdat daar iets gebeurd is. Vervolgens zien we dat het aantal huisverboden is toegenomen. Dan heb je het over ernstige zaken."
By de organisaasje Veilig Thuis komme no folle mear fragen binnen as in jier lyn, seit direkteur Jeanette Nijland
17:44

'Britske fariant kringt sel better yn en hat mear firusdieltsjes'

"Er zijn aanwijzingen dat de mutaties in deze variant van het virus leiden tot een makkelijkere penetratie van de menselijke cel", seit firologe Marjolijn Kikkert fan it Leids Universitair Medisch Centrum. "Hoe beter het virusdeeltje zich kan binden aan een cel, hoe groter de kans dat die cel het virus binnenlaat. En dus zijn er misschien minder virusdeeltjes nodig voor een besmetting dan bij de normale variant."
Ek seit de firologe dat ûndersteld wurde kin dat de Britske fariant him rapper reprodusearret. "Een besmet persoon stoot dan per hoest of nies meer virusdeeltjes uit. In combinatie met het aspect dat er misschien minder virus nodig is voor een besmetting, maakt dat deze variant zorgwekkend. Maar het is nog niet voldoende aangetoond dat het ook echt zo werkt."
Neffens it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) is de Britske fariant sa'n 30 persint besmetliker as it type dat oant no ta it meast yn Nederlân foarkomt. De faksins fan ûnder mear Pfizer/BioNTech en Moderna lykje yn de earste eksperiminten wol effekt te hawwen op de Britske fariant. "De immuniteit die deze vaccins opwekken is vrij breed."