Coronanijs 20 jannewaris: Jûnsklok moat sneon yngean | Elektroanyske noas moat firus rûke

20 jan 2021 - 22:34

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • It kabinet wol in jûnsklok ynfiere fan 20.30 oant 04.30 oere;
  • Der binne minder minsken wolkom by útfearten: dat giet fan 100 nei 50;
  • Thús meie we ek minder minsken ûntfange: noch mar ien deis;
  • Twa ôfdielingen fan ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum binne ticht fanwege in corona-útbraak: seis kliïnten binne besmet;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

21:45
Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog fan woansdei 20 jannewaris. We sette noch ien kear it belangryske nijs op in rychje.

  • Fan sneon ôf wol it kabinet minsken ferbiede op strjitte te wêzen, tusken 20:30 en 04:30 oere;
  • Hanthavening is dreech, seit Sybrand Buma: ""Het gaat erom dat mensen zelf beseffen dat ze thuis moeten blijven";
  • Der binne minder minsken wolkom by útfearten: dat giet fan 100 nei 50;
  • Thús meie we ek minder minsken ûntfange: noch mar ien deis;
  • It coronafirus soarget foar in taname fan it oantal slimme krisissitewaasjes binnen gesinnen;
  • In Fryske longdokter wurket oan in 'elektroanyske noas' dy't corona rûke kin;
  • It oantal Fryske besmettingen bliuwt fan dei oant dei ûngefear gelyk.

Moarn is der wer in nij liveblog, mei it lêste coronanijs út Fryslân. En yn it radioprogramma Fryslân Fannemoarn ha we ek rom omtinken foar de gefolgen fan de jûnsklok. In gedrachspsycholooch warskôget dat de druk binnen in húshâlding troch alle beheinings bot tanimme kin.

Ferslachjouwer Ronnie Porte hat op strjitte west, om te sjen wa't der nei healwei njoggenen noch bûten wie. En Jacob Stelwagen hat praat mei minsken út de hoareka, fan it bedriuwslibben, en fan sportferienings. Ien ding is wis, seit er: der is noch in soad ûndúdlik oer de jûnsklok.

20:26
GGD begjint mei faksinaasje 90-plussers

Meardere GGD's yn Nederlân begjinne nije wike mei in faksinearjen fan 90-plussers tsjin it coronafirus. De GGD GHOR meldt dat der nei ferwachting 45.000 minsken fan boppe de 90 jier yninte wurde. Dat is ûngefear de helte fan alle minsken dy't âlder binne as 90.

It giet om minsken dy't troch de húsdokter útkeazen wurde. Se moatte mobyl genôch wêze om sels nei in faksinaasjelokaasje te gean. Nije wike wurde de earste minsken útnûge. Dat meldt it ANP. It is net dúdlik oft it ek foar Fryslân jildt.

18:46
Minister: jûnsklok moat sneon yngean

It kabinet wol de jûnsklok sneon yngean litte. Dat meldt coronaminister Hugo de Jonge yn in brief oan de Twadde Keamer. Omdat it debat mei de Keamer nei moarn ferskood is, "is de voorziene ingangsdatum verschoven naar zaterdag 23 januari 2021 om 20.30 uur", skriuwt De Jonge.

18:34
Festivals en festiviteiten geane noch in jier net troch

Fryslân makket him op foar in jier sûnder gutskalige evenementen. Hoewol it noch mar jannewaris is, gean in soad festivals en oare festiviteiten net troch, se wurde oanpast of útsteld. Yntusken lizze organisatoaren wekker fan de soargen, om't se net witte wêr't se oan ta binne.

Sjoch hjir nei de reportaazje

18:25
Mear krisissitewaasjes troch coronafirus

It coronafirus soarget foar in taname fan it oantal slimme krisissitewaasjes binnen gesinnen. Neffens de organisaasje Veilig Thuis komt dit benammen troch it gebrek oan tafersjoch fan professionals. Skoallen en berneopfang binne foar in grut part ticht. Dêrtroch wurdt it no letter fernaam, as der wat mis giet.

"We zien dat er het afgelopen halfjaar meer politiemeldingen zijn binnengekomen", seit direkteur Jeanette Nijland fan Veilig Thuis. "Dan is de politie bij een gezin geweest omdat daar iets gebeurd is. Vervolgens zien we dat het aantal huisverboden is toegenomen. Dan heb je het over ernstige zaken."

By de organisaasje Veilig Thuis komme no folle mear fragen binnen as in jier lyn, seit direkteur Jeanette Nijland

17:44
'Britske fariant kringt sel better yn en hat mear firusdieltsjes'

"Er zijn aanwijzingen dat de mutaties in deze variant van het virus leiden tot een makkelijkere penetratie van de menselijke cel", seit firologe Marjolijn Kikkert fan it Leids Universitair Medisch Centrum. "Hoe beter het virusdeeltje zich kan binden aan een cel, hoe groter de kans dat die cel het virus binnenlaat. En dus zijn er misschien minder virusdeeltjes nodig voor een besmetting dan bij de normale variant."

Ek seit de firologe dat ûndersteld wurde kin dat de Britske fariant him rapper reprodusearret. "Een besmet persoon stoot dan per hoest of nies meer virusdeeltjes uit. In combinatie met het aspect dat er misschien minder virus nodig is voor een besmetting, maakt dat deze variant zorgwekkend. Maar het is nog niet voldoende aangetoond dat het ook echt zo werkt."

Neffens it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) is de Britske fariant sa'n 30 persint besmetliker as it type dat oant no ta it meast yn Nederlân foarkomt. De faksins fan ûnder mear Pfizer/BioNTech en Moderna lykje yn de earste eksperiminten wol effekt te hawwen op de Britske fariant. "De immuniteit die deze vaccins opwekken is vrij breed."

17:37
KNVB wachtet foar betelle fuotbal debat fan tongersdei ôf

De KNVB hat noch gjin beslút naam oft de wedstriden yn it betelle fuotbal de kommende wiken ek yn de jûnsoeren spile wurde as de jûnsklok ynfierd is. "We willen het debat in de Tweede Kamer van donderdag afwachten voordat we daar iets over zeggen", seit in wurdfierder fan de KNVB.

Yn earste ynstânsje stie it debat woansdei pland, mar op fersyk fan D66 en ChristenUnie is dat in dei útsteld. Sy wolle har goed tarisse kinne.

In soad wedstriden yn de Earedifyzje en de Keuken Kampioen Divisie binne op freed en sneon noch dwaande nei 20.30 oere. Op dy tiid giet de jûnsklok yn. Ek is der folgjende wike in midwyks programma.

17:33
Topsport moat sels oardielje oer needsaak jûnswedstriden

Oft de topsport ek yn de jûnsoeren de kommende wiken trochgean kin by de ynfiering fan in jûnsklok is oan de wurkjouwers. Dat binne de klups of de oerkoepeljende bûnen yn it gefal fan de topkompetysjes dy't nettsjinsteande de lockdown gewoan trochgean.

It is oan de wurkjouwer te bepalen oft it strikt needsaaklik is om jûns op'en paad te gean, befêstiget in wurdfierder fan it sportministearje.

17:11
Longdokter ûntwikkelet masine dy't corona rûke kin

Longdokter Wouter van Geffen fan it MCL wurket oan in 'elektroanyske noas' dy't corona rûke kin. "Het is een kunstmatige neus, die je traint net zoals je honden traint. We kunnen de machine trainen om corona te ruiken en dat te onderscheiden van andere dingen."

De geur fan it coronafirus is neffens Van Geffen hiel spesifyk. "Je hoort wel eens van verpleegkundigen dat de ontlasting van coronapatiënten anders ruikt. Die techniek kun je gebruiken om die neus te testen." Van Geffen hat itselde ûndersyk earder dien by minsken mei COPD, in longsykte. "En dat lukte."

'Ademhalingspatronen'

Yn it MCL is der in teststrjitte foar soarchpersoneel. Eltsenien dy't dêr test wurdt, wurdt ek frege om yn de spesjale masine te azemjen. "Die vangt ademhalingspatronen op en dat vergelijken we dan met de uitslag van het neuskeelborsteltje of het resultaat overeenkomt."

Mar der moatte earst hûnderten minsken meidwaan foar't der in betrouber resultaat jûn wurde kin. "We werken daarom samen met andere ziekenhuizen", seit Van Geffen. It inisjatyf komt fan in sikehûs yn Den Bosch.

Foto: Eigen foto

As de elektroanyske noas goed wurket, hoecht der gjin laboratoariumûndersyk mear dien te wurden om fêst te stellen oft ien corona hat. "Je hebt dan ook relatief snel een uitslag. En de test met de vervelende keelneusborsteltjes is dan niet meer nodig."

Wannear't de earste resultaten de binne, doart Van Geffen noch net te sizzen. "De inschatting is dat we er een paar maanden mee bezig zijn."

Longdokter Wouter van Geffen

16:46
Wurde der mear bisten adoptearre fanwegen de jûnsklok?

Yn in oantal gefallen jildt der aanst in útsûndering foar de jûnsklok. Ien dêrfan is ast de hûn útlitte moatst. Dêrom soedest hast sizze dat der in run komt, op hûnen. By diere-asyl De Wissel yn Ljouwert falt dat wol ta. Dochs binne dêr noch mar trije hûnen dy't in nij baaske sykje. "Het zijn er echt heel weinig op dit moment", seit Linda Colijn fan De Wissel.

Oft dat echt yn ferbân stiet mei de coronamaatregels is, doart Colijn net te sizzen. "Bij honden is er nooit echt een goede reden wanneer we er veel of weinig hebben. Maar drie is wel echt heel weinig. Meestal hebben we een stuk of zeven tot twaalf."

Foarbyldfoto fan in hûn - Foto: Shutterstock.com

Sûnt it begjin fan de lockdown binne der net folle mear hûnen adoptearre as normaal. "Het blijft hetzelfde als de rest van het jaar." De jûnsklok te omsile, liket Colijn yn elts gefal net in goed reden om in bistje te adoptearjen.

Mei de katten is it lykwols in hiel oar ferhaal. "Die gaan echt als zoete broodjes over de toonbank, want die zijn natuurlijk wat makkelijker en zelfstandiger. Er is de afgelopen jaren sowieso meer vraag naar katten. Het is gewoon heel gezellig en leuker dan wanneer je in je eentje thuis zit", beslút Colijn.

Ferslachjouwer Ronnie Porte by De Wissel

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)