Johnny Jansen: "We zijn weer op de goede weg"

19 jan 2021 - 19:31

Johnny Jansen wol foar it bekerduel tsjin FC Emmen de opstelling fan SC Hearrenfean net frijjaan. Wol jout er oan dat er syn alvetal net op in soad plakken feroarje sil. "We willen naar meer vastigheden toe, dus dan is het niet verstandig alles om te gooien. Ik ga nu niet met onze tweede keeper spelen."

Foto: Orange Pictures

SC Hearrenfean spilet woansdeitemiddei om 16.30 oere yn de achtste finale fan it lanlike bekertoernoai tsjin FC Emmen. Dy ploech stiet op it lêste plak yn de earedifyzje, en wachtet nei 17 wedstriden noch altyd op de earste oerwinning fan it seizoen. Degradaasje komt hietyd tichterby. Oant no ta hat Emmen fiif punten helle.

"Dat is weinig", seit Jansen. "Maar Emmen is wel een ploeg die verzorgd wil voetballen. Ze staan er niet goed voor, maar ze hebben wel een aardig idee van voetballen. We gaan proberen in de counter toe te slaan."

De lêste konfrontaasje tsjin FC Emmen wie op 20 oktober, Hearrenfean wûn doe yn it eigen stadion mei grutte sifers, 4-0.

Johnny Jansen

Nei ôfrin fan it lykspul tsjin VVV wie Jansen opfallend posityf. Hy hopet dat de ploech oer de sportive dip hinne is.

"We hebben allemaal kunnen zien dat we een tijdje niet goed gevoetbald hebben. Dat er een bepaalde spirit ontbrak. Maar die heb ik tegen VVV weer terug gezien. Twee dagen voor die wedstrijd had ik al het gevoel dat we weer op de goede weg zijn. En dat moeten we nu doorzetten."

"Je wilt naar de finale, en die wil je winnen"

"Bij ons leeft het bekertoernooi zeker", seit Jansen, "ook al mis je natuurlijk de mensen in het stadion. Het zijn gewoon prachtige wedstrijden. Je wilt gewoon naar die finale toe en die wil je winnen."

Hearrenfean hoegde him net te kwalifisearjen foar de achtste finales. De klup wie frijlotte foar de twadde ronde. Emmen wûn yn dy ronde ferrassend fan FC Groningen. De winner fan it duel Emmen - Hearrenfean spilet yn de kwartfinale hoe dan ek in thúswedstriid.

It folsleine programma fan de achtste finales:

  1. FC Volendam - PSV
  2. Vitesse - ADO Den Haag
  3. AZ - Ajax
  4. NEC - Fortuna Sittard
  5. VVV - Go Ahead Eagles
  6. Feyenoord - Heracles
  7. MVV - Excelsior
  8. FC Emmen - SC Heerenveen

It wurdt de fjirde kear dat beide ploegen mekoar treffe yn it bekertoernoai. Yn it seizoen 2010/2011 skeakele SC Hearrenfean Emmen út yn de beker. Yn de tredde ronde waard it 1-3.

Yn it seizoen 1997/1998 wie Emmen te sterk. Martin Drent skoarde doe krekt foar de ein de winnende treffer.

De earste kear dat beide ploegen mekoar troffen foar de beker wie op 12 augustus 1995. Yn it eigen Abe Lenstra stadion wie it Jan de Jonge dy't de 0-1 makke. Erik Tammer en Marco Roelofsen soargen úteinlik foar in 2-1 oerwinning foar SC Hearrenfean.

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Dresevic, Bochniewicz, Woudenberg; Halilovic, J. Veerman, De Jong Van der Heide, H. Veerman en Van Bergen.

De wedstriid begjint woansdeitemiddei om 16.30 oere en is live te hearren yn it programma Weistra op Wei. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)