Fryske roeifroulju binne der hast: noch minder as 500 seemyl te gean

19 jan 2021 - 18:39

De fjouwer froulju dy't meidogge oan Atlantic Talisker Whisky race binne binnen 500 seemyl fan de finish. Dat is 925 kilometer. Se hawwe yntusken hast 4500 kilometer roeid oer de oseaan.

Yn in fideo litte de froulju sjen hoe't se libje op de 8 fjouwerkante meter: Hie waskje, kleanwaskje, fleanfisken dy't de boat yn fleane, en swimme yn de blauwe oseean.

De froulju roeie foar it goede doel, om jild op te heljen foar ûndersyk nei hert- en iersykten. Se ha al mear as 15.000 euro ophelle. It doel wie 10.000 euro. Trije teamleden komme út Fryslân: Iris Noordzij, Melissa Vooren en Renate de Backere.

De race giet noch altyd goed, sizze de froulju. De ferwachting is dat se dit wykein oankomme op Antigua. Op 12 desimber binne se fuortfearn fan it Spaanske La Gomera,

Op koers nei winst yn eigen klasse

De striid om it sechde plak mei de manljusboat Fitter for a Planet liket foarearst ferlern. Se hawwe mekoar ferskate kearen ynhelle, mar de manlju ha no ôfstân naam. It earste plak yn harren eigen klasse liket wol sa goed as wis.

De waarsomstannichheden wikselje behoarlik, fan hjitte oant reinbuien. En it iten wurdt ek wol ientoanich, mar de blierren binne oer en fysyk binne se alle fjouwer noch yn goeie kondysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)