Psycholooch warskôget foar gefolgen jûnsklok: "Iensumheid nimt ta"

19 jan 2021 - 17:54

As de jûnsklok der komt, rekket dat ús allegearre. Dat seit psycholooch Anneke Hol fan GGZ. It kabinet nimt woansdei in beslút oer de jûnsklok. Minsken soenen dan jûns en nachts net mear sûnder goede reden bûten komme meie. Hol: "De kâns is dan noch lytser om oaren tsjin te kommen en in soad minsken sjogge al sa'n bytsje minsken."

Psycholooch warskôget foar gefolgen jûnsklok: "Iensumheid nimt ta"

"Iensumens is in wichtich gefolch fan in eventuele jûnsklok", seit Hol. De jûnsklok komt boppe-op de besteande coronamaatregels dy't makket dat in soad minsken al lange tijd de doar net mear út komme.

Frije tiid nei it wurk

"It jûnslibben is krekt dat stikje frijheid dat we noch hawwe", seit Hol.

"As de wurkdei ôfrûn is, we hawwe it iten op tafel en de bern op bêd, dan begjint in stik dat fan dysels is. Yn dy tiid meitsje we graach brûk fan de frijheid dy't we hawwe. We gean efkes nei de buorman, in eintsje te kuierjen of dogge noch in pear boadskippen. Dy kar hawwe we no noch, mar dat wurdt ús aanst miskien wol ûntnaam en dat rekket ús allegearre."

Persoanlike grins

"Ik kin my net foarstelle dat jo op syn minst net in bytsje lilk wurde. Sa'n maatregel giet wol oer in persoanlike grins hinne".

It gefaar sit him deryn dat we ús maklik oanpasse en dan ús eigen gefoelens oan de kant sette.

Anneke Hol, psycholooch

It argumint dat minsken foar jûns acht oere ek wol mei de hûn fuort kinne, is feitlik wier, leit Hol út. "We kinne ús hjir ek wol yn oanpasse. Dat is it probleem ek net. It gefaar sit him deryn dat we ús maklik oanpasse en dan ús eigen gefoelens oan de kant sette."

Psycholooch Anneke Hol oer de gefolgen fan de jûnsklok

De mieningen op strjitte oer de jûnsklok binne ferdield. "It is miskien ferfelend, mar as it moat dan moat it", seit in man.

Minsken kinne harren de maatregel wol yntinke, mar dat betsjut net dat se it net lestich fine. "Ik begrijp het wel", seit in jongere. "Je ziet vaak dat jongeren zoals ik 's avonds bij elkaar komen. Dus ik snap het wel, maar ik vind het ook jammer".

En in frou is bliid dat se in hûn hat. "Dy mei ik gelokkich noch wol útlitte nei acht oere. Dat fyn ik wol fijn."

De miening fan minsken op strjitte oer de jûnsklok

(Advertinsje)
(Advertinsje)