Corona-útbraak by sikehûswasker Rentex yn Boalsert

19 jan 2021 - 22:02

By it waskbedriuw Rentex yn Boalsert binne sa'n tweintich minsken besmet mei it coronafirus. Dat meldt de direkteur fan it bedriuw. Rentex is spesjalisearre yn it ferwurkjen fan tekstyl út de sûnenssoach.

Rentex yn Boalsert - Foto: ANP

It bedriuw ferwurket ek tekstyl fan sikehûzen en oare ynstellingen dêr't it coronafirus fêststeld is. Rentex is it grutste selsstannich waskbedriuw fan Nederlân dat spesjalisearre is yn it ferwurkjen fan klean út de sûnenssoach.

Neffens direkteur Titus Mulder komt it net troch it waskjen fan de klean dat de meiwurkers besmet rekke binne. Hy tinkt dat de meiwurkers it firus tusken krysttiid en âld en nij oprûn hawwe. It giet om minsken dy't op ferskillende ôfdielingen wurkje.

Der wurkje neffens de direkteur sa'n 450 minsken by it bedriuw. "Als je met zoveel mensen werkt, kun je er niet aan ontkomen." De pyk wie foarige wike, seit Mulder. De minsken dy't besmet rekke binne, sitte thús.

Trefwurden: 
Boalsert coronafirus Rentex
(Advertinsje)
(Advertinsje)