Universiteit wol masteroplieding Frysk yn Ljouwert: "In hiel slachbeammesirkus"

19 jan 2021 - 17:02

As alles neffens plan giet, krijt Ljouwert oer twa jier in nije universitêre masteroplieding. De learstoel Fryske taal- en letterkunde wol in master Frisistyk oanbiede, skriuwt it Frysk Deiblêd. De master moat foar in goede takomst soargje fan de frisistyk, mei oare wurden it wittenskiplik ûndersyk nei it Frysk.

RUG / Campus Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"De oplieding stiet al fierhinne yn kalk en semint, mar it plan moat noch wol goedkard wurde", seit heechlearaar Goffe Jensma. It kin noch wol even duorje foar't it goedkard is. "Dat is in hiel slachbeammesirkus, je moatte allegear kommisjes by lâns. Uteinlik komme je yn Den Haag. Dêr moatte se úteinlik tastimming jaan." It trajekt duorret al mei al in jier.

Optimistysk

It Frysk lûkt gjin hûnderten studinten, mar Jensma is wol optimistysk. "Kwa getallen draaie we net lyk: der binne hast noait genôch studinten foar it kritearium dat universiteiten no hantearje foar in oplieding om út te kinnen. Allegear Fryske ynstellingen draaie op subsydzje, omdat we it Frysk sa heech hawwe. Mar de finânsjes oangeande it Frysk lizze ridlik fêst op de middellange termyn. It is ek de twadde offisjele rykstaal."

De master is foar in brede groep minsken, seit Jensma. "Minsken dy't oan de slach wolle yn de kennissektor yn Fryslân, as wittenskipper, by gemeenten, kultueramtners. It is in breed fjild."

Aldfrysk is populêr

Studinten oan de master krije in tal kearnfakken. Dy gean oer skiednis, literatuer, taalkunde. "Aldfrysk is bygelyks hiel populêr", seit Jensma. "De midsiuwen libje noch altyd. En fakken wurde folle praktysker ynset. Sa komt skiednis yn in spesjalisaasje oer erfgoed en digitalisearring."

Hegeskoalle NHL Stenden docht ek hieltyd mear oan it Frysk, mar dat byt elkoar net, seit Jensma. "We hawwe de ôfspraak dat we elkoar stypje. Net allinnich kwa jild en minsken, mar ek ynhâldlik. It ien kin net sûnder it oar."

Profyt foar de Omrop

Al mei al moat de master goed wêze foar de Fryske taal. En foar Omrop Fryslân, tinkt Jensma. "Der komt ek in ôfdieling foar de Fryske sjoernalistyk. Wat dat oanbelanget kin de Omrop der miskien ek fan profitearje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)