Operaasje Fryske Flagge: Henk Boersma yn Ushuaia, Argentinië, "súdliker kin it net!"

19 jan 2021 - 16:54

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Sa is Henk Boersma sa'n 25 jier ferlyn op de helte fan syn wrâldreis yn it Argentynske Ushuaia, it súdlikste plak fan de wrâld, hingjen bleaun.

Foto: Henk Boersma

"Wy wenje hielendal yn it suden. Mear nei it suden ta kin net op dizze ierdbol," sa seit Henk Boersma oer syn wenplak Ushuaia yn Argentinië. "Ik stean op it stuit op in berch, en sjoch út op it Beagle Kanaal. Tachtich kilometer fierderop lei Kaap Hoorn, en ik sjoch út op it fleanfjild. Yntusken komme der wer fleantugen del. Dat is moai. Der komt wer wat 'beweging yn de keuken'. Mar it is noch wol hiel rêstich yn it doarp."

Dat it coronafirus sels Ushuaia berikke soe, hie Henk net tocht. "Mar it is wol bard. Se binne hjir wol hiel foarsichtich en dat is moai. Se hawwe it ek wol ûnder kontrôle, leau ik." Nei it bûtenlân ta gean, kin likegoed noch net. "It sit noch hieltyd op slot."

Mei de sylboat op wrâldreis

Henk is 27 jier ferlyn op in sylboat fan 9 meter út Nederlân wei ôfset. Hy hie fjouwer jier foar in wrâldreis útlutsen, mar dy tiid hat er net fol makke. "Nei twa jier kamen we hjir oan. We fûnen it sa moai, dat we binne hjir mar bleaun!" Syn sylpartner is letter wol wer fuortgien, Henk sels is bleaun.

Wurk fine wie, sa seit er, net sa lestich. "Wy ûntdutsen frij rap dat hjir yn it toerisme dochs wol wurk te dwaan falt. Dêr hawwe wy ús mei dwaande holden. Ik haw in sylboat, en dan far ik mei freonlike minsken oan board dy't hjir graach sile wolle." Dan giet er by gletsjers del, by Kaap Hoorn en Antarktika. "It is goed fol te hâlden," seit Henk Boersma oer syn wurk.

In lyts doarpke

Hy is ek tefreden mei it libben yn Ushuaia. Hy neamt it in lyts doarpke, mar dat is as neamst de hiele gemeente Súdwest-Fryslân 'in doarpke'. "Der wenje yntusken sa'n 80.000 minsken. Doe't ik hjir kaam te wenjen wiene dat der noch 32.000." Boersma fertelt dat it der rêstich en feilich is. De bern kinne gewoan op strjitte rinne. "De doarren hoege ek net op slot. Wat dat oangiet, is it hjir in hiel feilich plak. Hiel moai."

De kij en de tsjerketuorren

Ek al foldocht it suden him goed, sa no en dan langet Henk werom nei it noardlike Fryslân. Hy kaam gewoanwei út en troch wolris werom. "Dat fyn ik hearlik. Tusken de greiden fytse, de kij en de tsjerketuorren. En ik genietsje fansels fan de pikelhjerring mei brea. Soks is dochs wol fijn."

"Mar om dêrfoar no yn Fryslân te wenjen, sjoch ik foarearst noch net barren," seit Henk. Hy hat it der thús wolris oer hân, oer ferhúzje nei Europa of in oar plak, mar der kamen gjin ynstimmende lûden werom. "De bern sjogge it net sitten. Se hawwe it hjir nei it sin."

Operaasje Fryske Flagge: Henk Boersma

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 195 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)