Oerol-oprjochter Joop Mulder (67) mei pream nei krematoarium fearn

19 jan 2021 - 15:57

Oerol-oprjochter Joop Mulder is tiisdei yn besletten rûnte kremearre yn Marsum. Fanwege de coronamaatregels koenen dêr net in protte minsken bywêze. De kist is mei in pream nei it krematoarium ta fearn. Mulder ferstoar foarich wykein ûnferwachts. Hy is 67 jier âld wurden.

Joop Mulder is yn besletten rûnte kremearre

Oan beide kanten fan it wetter foarmen minsken in earehage. Foar de minsken dy't der net by wêze koenen, waard op it tiidstip fan de plechtichheid online in film oer Joop Mulder útstjoerd.

It ferstjerren fan Joop Mulder soarge foar in grutte skok; op Skylge en yn de kulturele wrâld. Mulder kaam fan oarsprong út Boalsert. Doe't er yn de tweintich wie, fêstige er him op Skylge, dêr't er yn Midslân dûnskafee de Stoep oernaam.

Yn 1982 organisearre Mulder mei oaren de earste edysje fan Oerol, doe noch mei sa'n tûzen man publyk. Dat is no útgroeid ta ien fan de grutste lokaasjeteäterfestivals fan Europa mei alle jierren sawat 50.000 besikers.

Oerol stie op losse skroeven, mar Mulder joech net op

Ferskate keunstners en teätermakkers hawwe in soad oan Mulder te tankjen. "Hij vertrouwde de kunstenaars en makers. Hij gaf ze de ruimte en durfde risico's te nemen en dat heeft prachtige voorstellingen en kunstwerken opgeleverd," seit Kees Lesuis, dy't op dit stuit de artistyk lieder fan Oerol is.

It wie net altyd like maklik, seit er. Oerol hat in pear kear op losse skroeven stien, mar dêr stuts Mulder in stokje foar. Neffens regisseur Jos Thie joech er nea op: "Hij wist wat doorzetten was en liet het nooit los. Er zijn nergens zoveel obstakels geweest als bij Oerol."

Mulder hie altyd grutte dreamen. Neat like him ûnmooglik. Lykas it hjirhinne heljen fan De Reuzen yn 2018. Hy hie in goede bân mei de lieder fan it Frânske selskip dat dêr ferantwurdlik foar wie. En hy wie noch lang net klear mei dreamen. De lêste jierren stoarte er him fol op it keunstprojekt Sense of Place by de Waadkust del.

In oersjoch fan it libben fan Joop Mulder

Trefwurden: 
Oerol Joop Mulder kremaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)