Skiermûntseach wurdt ûnleefber as it net ophege wurdt

19 jan 2021 - 15:45

Skiermûntseach moat meigroeie mei de ferwachte hegere seespegel. Oars wurdt it eilân op termyn ûnleefber. Der lizze boppedat kânsen om it eilân fierhinne selsfoarsjennend te meitsjen. Dat is yn de kearn it boadskip fan Fries om utens lânskipsarsjitekt Jorryt Braaksma fan LAMA landscape architects út it Belgyske Lier.

In takomstbyld fan Skiermûntseach yn fûgelflecht - Foto: LAMA landscape architects VOF

As der neat bart, wurdt it natuerlike swietwetterreservoir ûnder it eilân te lyts, ek omdat de perioades fan drûchte hieltyd langer duorje. Lânskipsarsjitekt Jorryt Braaksma hat in strategy betocht foar de takomst fan it eilân dy't er tiisdeitemiddei yn Grins presintearre.

Sjoch hjir hoe't it takomstbyld fan Braaksma derút sjocht.

Braaksma is foar de Klimaatadaptatieweek yn de stêd Grins frege om syn fyzje te jaan op de takomst fan it eilân yn dat ramt. Hy hat earder strategyen op papier set foar parten fan de Waadkust.

Dy foar Skiermûntseach is makke yn de foarm fan twa posters. It is de bedoeling om it ûnderwerp dúdlik op 'e aginda te setten. It is dus gjin útwurke plan, mar in stik dat belanghawwenden ynspirearje moat.

Skiermûntseach as mikrokosmos

Al is it idee foar Skiermûntseach makke, op de oare Waadeilannen spylje deselde problemen. Braaksma sjocht it eilân as in soarte fan mikrokosmos dêr't in soad lanlike problemen byelkoar komme, lykas ferdrûging, hegere seespegel, fersâlting, te folle stikstof, it ferlies oan bioferskaat en oare saken dy't relatearre wurde oan de yntinsive lânbou. It eilân wurdt ek yn bredere sin as in soarte fan 'proeftún' sjoen om dêrfoar oplossings te finen.

Opstowen dunen

Konkreet ferwachtet Braaksma dat troch de hegere seespegel it sâlte grûnwetter mei omheechkomt. Dat drukt it swiete wetter ûnder de dunen nei boppen ta en dat makket benammen de Banckspolder in stik wieter.

As dat wetter ôffierd wurdt, soarget dat derfoar dat it natuerlike swietwetterreservoir allinnich mar gauwer leechrint. En it wurket boppedat fersâlting fan 'e grûn yn 'e hân.

Dêrom moat it opstowen fan it westlik dúngebiet wer op gong holpen wurde, sadat it meigroeie kin mei de hegere seespegel.

Waadseedyk ferpleatse

In oar idee is om de dyk oan de Waadseekant nei binnen ta te ferpleatsen. De besteande dyk wurdt dan sa makke dat tusken beide diken in langere oergong komt fan see nei lân. Slykynfang dêr moat helpe it eilân meigroeie te litten. In opdieling yn fakken moat romte jaan foar it ferbouwen fan in ferskaat oan sâlte produkten, lykas hongerskraal en kwelderkrûd.

Minder ferrûging en mear stowende dunen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It slyk kin nei in behanneling wer brûkt wurde foar in fruchtbere, 33 bunder grutte râne om it doarp hinne dêr't iten lykas grienten, fruit en nôt fanôf komme moatte. Suvel, fleis, fisk en skulpen moatte fan oare plakken op it eilân komme. It moat in lytsskalich, smûk lânskip opsmite dat ek as in soarte fan park funksjonearret, mei paden dertrochhinne.

Wetterharmoanika

Al mei al moat it genôch iten opsmite om it eilân sa goed as selsfoarsjennend te meitsjen. Fierders soe de rioelsuvering nei it easten ta ferpleatst wurde kinne, wêrby't it wetter nochris ekstra suvere wurdt yn sompefilters en fivers dy't Braaksma 'in wetterharmoanika' neamt. Dy soe yn it grien by de Langestreek en de Astebun komme kinne. Dat soe dan ek in swimplak wurde kinne en it wetter is dan ek wer brûkber foar de fruchtbere râne om it doarp hinne.

Mear as genôch eigen enerzjy

As it giet om enerzjy kin it eilân mei wyn en sinne mear as genôch opwekke om yn it eigen ferlet te foarsjen. It is de bedoeling dat de fyzje fan Braaksma ek op it eilân presintearre wurdt. De presintaasje fan tiisdeitemiddei yn it ramt fan de klimaatwike yn Grins wie online fanwege de coronabeheinings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)