Minder coronabesmettingen as trochsneed, mar wol fiif stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 202 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 62 minder as moandei, doe't 261 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed fan de ôfrûne wike is 224.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 31. Dêrnei komme Smellingerlân mei 27 en Achtkarspelen mei 26.

Fiif nije stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fiif nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Eaststellingwerf, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke.
Der binne twa Friezen it sikehûs yn rekke mei it coronafirus, dat giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân.

Lanlik ek minder as trochsneed

Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 4.335 besmettingen fêststeld. Dat is minder as it trochsneed fan de ôfrûne sân dagen, dat leit op 5.539.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.