Is jûnsklok net in te swiere maatregel en hoe moat it mei de kontrôle?

Nei alle gedachten komt it Outbreak Management Team (OMT) tiisdei mei in definityf advys oer it ynfieren fan in jûnsklok. It kabinet stelt in jûnsklok foar fan 20:00 oere jûns oant 4:00 oere nachts. Se fine dy ekstra maatregel nedich tsjin de fersprieding fan it coronafirus. Guon boargemasters twivelje oer sa'n frijheidsbeheining. Der libje benammen fragen oer it effekt en oft sa'n swiere maatregel wol passend is.
Jûnsklok fan 20:00 oant 4:00 oere © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De 25 boargemasters dy't foarsitter binne fan in feilichheidsregio, ûnder wa boargemaster Sybrand Buma, bûge harren tiisdeitejûn yn Utrecht oer de fraach oft yn Nederlân in jûnsklok jilde moat. Eins soe it Veiligheidsberaad dêr moandeitejûn al oer te set, mar de gearkomste kaam in dei letter op de aginda. Neffens in wurdfierster om't noch net alle stikken beskikber wiene foar it oerlis.

Earnstige beheining fan de frijheid

It ynfieren fan in jûnsklok leit gefoelich. In soad politisy sjogge it as earnstige beheining fan de frijheid. Boargemasters en plysje sjogge benammen swierrichheden wat de kontrôle oanbelanget. Dochs soarget de opkomst fan de Britske mutant fan it coronafirus foar mear begryp foar de mooglike ynfiering fan sa'n jûnsklok.
De boargemasters fregen ferline wike moandei al om ekstra ynformaasje, ûnder oare fan it Outbreak Management Team. Se wolle in oertsjûgjend antwurd hawwe op de fraach oft in jûnsklok needsaaklik is, want it giet om in fiergeande maatregel.