Noch ientsje dan! De Slak

21 des 2017 - 07:16

Spesjaal makke foar dy! In superleuk ferske fan Hindrik van der Meer mei in prachtige dûns derby. Wa't allegear meidûnsje? Renske, Mariana, Sophie, Aimy, Frederieke, noch in Aimy, Antje-Lotte, Sanne, Lyanne, Mirthe, en nóch in Amy! Dûnsmeester Niels út Snits hat de dûns betocht. Dus sjoch mar goed en dûnsje lekker mei. En ast it nei ien kear noch net hielendal kinst, dan setst it filmke gewoan wer op it begjin.

Fynst him leuk? Oare wike stiet der wer in nij ferske op. Mar hokker ferklap ik no noch net. En witst dat dit filmke aanst ek noch by Omrop Fryslân te sjen is? Yn it nije programma Sokkebalje.

Sjongse en dûnsje se!

Groetnis! Gerbrich van der Meer

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)