Fier fan de midden: Mariëlle Buckinx

Fryslân stiet yn 2018 yn it middelpunt fan de belangstelling. Ljouwert is it brûzjende hert fan kultuer. Fan gigantyske reuzen oant stoarmige hynders, dêr bart dit jier fan alles. Mar hoe stiet it mei de kultuer oan de râne fan de provinsje? Guon keunstners sykje júst de stilte op en fine dêr de ynspiraasje. Fier fan de midden.
Klazina Hofstee stapte foar Finster op Fryslân op de fearboat nei it Amelân en gie op besite bij Mariëlle Buckinx. Dy’t sawol har ynspiraasje as har materiaal op it strân fynt.