Yn pakes panne: Spagetty alla Carbonara fan Suzanne - Ratatoelje #7

24 nov 2017 - 06:28

Spagetty, oalje, spekjes, knyflôk, sipel, tomaten, aai, parmesaanse tsiis, sâlt en piper.

Yn de kulinêre searje Ratatoelje meitsje Friezen fan ferskate achtergrûnen in gerjocht mei in ferhaal. Suzanne Hoekstra fan Grou is idolaat fan itensiede. As 12-jirrich famke stie se al achter it fornús. Spagetty alla Carbonara wie it earste gerjocht dat se harsels learde te meitsjen, út it ferneamde itensiedersboek fan de Margriet. Noch geregeld set se dizze pasta op tafel, mar dan wol makke yn de panne dy’t se krige fan har pake. 'Altyd as ik dit resept meitsje tink ik toch even oan pake.'

Lústerje nei it ferhaal fan Suzanne:

Yn it filmke kinne je sjen hoe’t Suzanne de spagetty klearmakket.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)