Op syk nei de nije Mata Hari

It kulturele feestjier 2018 komt hieltyd tichterby. Mear en mear wurdt sichtber wat der allegearre te gebeuren stiet. En dat binne net allinnich de grutte projekten út it bidbook. Der binne mar leafst hûnderten inisjativen yn hiel Fryslân dy't op eigen houtsje wat moais delsette wolle. Ien hjirfan is 'Looking for Mata Hari'.
Teatermakkers Caro Kroon en Hans Brans binne mei Ricardo van Salm fan 'Bilgaard Got Talent' yn'e Ljouwerter wyk Bilgaard op syk nei talint. Se wolle mei wykbewenners -jong en âld- yn'e simmer fan 2018 in foarstelling meitsje. Kommende wiken organiseare se workshops sang, dûns, rap en tekstskriuwe. Fannewike wiene se drok dwaande by winkelsintrum Bilgaard dielnimmers foar de workshops te strikken en wa wit aanst foar de teaterfoarstelling.