Explainer #5: Frysk of Hollânsk boppe?

Ast yn Fryslân it paad nei in doarp of stêd sikest, is dat mei de tomtom of mei dyn telefoan meastal gjin probleem. Mar soms is it wol in striid. In taalstriid oer de fraach: Wat komt der op de plaknammebuordsjes te stean? Frysk of Nederlânsk? Ljouwert of Leeuwarden? Frjentsjer of Franeker? En doarpen mei nammen as De Lytse Jouwer, Skuzum, Reduzum, soene net-Friezen dy wol fine kinne? Alle Fryske gemeenten hawwe har eigen taalbelied. Finster op Fryslân sjocht hoe't it sit yn dizze explanimation video.
Makke troch: Eva Tijsma, Geart van der Pol en Ronnie Porte.
Sjoch mear Explainervideo's fan Eva, Geart en Ronnie by Finster op Fryslân.