Mis neat mei de skuorkalinder 2018

11 okt 2017 - 19:26

It jier 2018 stiet bol fan de kulturele eveneminten. Neist de tsientallen projekten út it bidbook fan Fryslân Ljouwert Kulturele Haadstêd, binne der nochris hûnderten mienskipsprojekten. Fan de 11 fonteinen en de foarstelling oer Mata Hari oant de Bach estafette en de Camino der Lage Landen, om marris wat te neamen. Hoe misse je neat fan dit alles? Mei help fan in skuorkalinder, sa betocht Gebrich van der Meer. Sy is kultuerredakteur by it Frysk Deiblêd.  

Op eltse dei stiet wer in nije aktiviteit. Dêrneist stiet op de achterkant fan elts blêdsje in weetje oer Fryslân. ,,Sa wist oan de ein fan 2018 hiel wat mear oer de Fryske histoarje, natuer, ekonomy en sport.'', fertelt Gebrich. It idee is ûntstien wylst se oan it wurk wie foar Finster op Fryslân (in gearwurking tusken Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en earder GPTV). Uteinlik hat se de kalinder yn opdracht fan de provinsje en yn gearwurking mei Tresoar makke. De kalinders lizze fan dizze wike ôf yn'e winkel.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)