Bokwert wurdt kulturele haadstêd

01 okt 2017 - 11:08

Ljouwert hat in soadsje fan kulturele haadstêd makke en dêrom moat Bokwert it fan de 'Hoofdplaats' oernimme om it wól ta in sukses te meitsjen. Hjir giet it toanielstik 'Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018'  oer. Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje beide ferskate rollen dy't it bestjoer fan Bokwerter Belang foarmje. Se fergaderje yn it 'Bokwerts' -Nederlânsk dat bol stiet fan frisismes-. It stik is basearre op de stikjes fan skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde yn'e Ljouwerter Krante yn'e jierren '70 en '80.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)