Ridder Hendrikus en timmerfrou Lydia

05 jun 2017 - 08:11

Ik bin benijd! #13

Ridder Hendrikus, sa meie wy Hendrik no neame. En Lydia docht it goed as timmerfrou.

Yn dizze nije ôflevering fan 'Ik bin benijd!' is Lydia yn de haven fan Harns. Dêr wurdt it 16e-iuwske ekspedysjeskip fan Willem Barentz hielendal neiboud. In belangryk ferhaal oer de hannelsskiednis yn Nederlân. Lydia nimt de hammer efkes oer en helpt mei oan it timmerwurk.

De oare kulturele happening spilet him ôf yn Boalsert. Der is in midsiuwsk treffen mei in protte ferklaaide minsken. Hendrik wurdt optuge yn in harnas en giet it gefjocht oan as 'ridder Hendrikus'. Dat giet him hiel goed ôf.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)