Bestelbuske klapt achterop frachtauto

15 nov 2011 - 16:34

In 20-jierrige man út Hillegom is tiisdeitemoarn op de Ofslútdyk achterop in frachtwein riden. Hy rekke dêrby beknipe yn syn bestelbuske.

De brânwacht hat de man derút helle. Nei alle gedachten is de mist de oarsaak fan de oanriding. De frachtweinsjauffeur (45) miende dat er in klapbân krige. Doe't er de wein oan de kant sette, krige er yn de gaten dat it neat mei syn bân te krijen hie, mar dat in buske achterop syn truck riden wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)