Set dyn tosken yn in nije tiid / Zet je tanden in een nieuwe tijd

De syktocht fan in mienskip nei in iepen mienskip. In syktocht nei de posysje fan Fryslân, yn de tiid dy’t foar ús leit. Dat is it moaie fan it LF2018 temaliet Seis oere thús fan Nynke Laverman, dat de bedoeling fan LF2018 sa goed besjongt. 
(Dit stik is op 29 maaie 2017 publisearre yn de LC.)
(Als je verder naar beneden scrollt kom je bij de Nederlandse vertaling van het artikel). 
Klaas Sietse Spoelstra 
Op syk nei oare antwurden op nije fraachstikken oer de Fryske stêd en syn plattelân. Sadat wy der yn de jierren nei 2018 wat oan oerhâlde. Dat sykjende ferhaal spilet yn Fryslân, mar ek yn safolle oare plakken op it plattelân fan Europa.
LF2018 wie oant no ta in kwestje fan falle, opstean, ferlieze en úteinliks winne. It gie bytiden op en del as yn in achtbaan. Hoe steane je yn sa’n proses? Soms seagen je it doel helder foar eagen en fielden je de djippe betsjutting, dan wer waarden je wrevelich en tochten je wat sinysk by jesels: hat it net genôch jild koste, moat it wol oangean mei sa’n 18 meter lange walfisk yn de haven fan Harns?
Op it tema 'mienskip nei iepen mienskip' hat Ljouwert de kompetysje European Capital of Culture wûn. Wy doare ússels, yn dat winnende konsept, yn iin yngripend en hurd feroarjende tiid, net allinne fragen te stellen, mar ek antwurden te jaan. De antwurden wurde fan ûnderop socht en net fanút de bestjoerlike of ynstitusjonele kaders. Fan ûnderop betsjut ek: fan tichtby en faak mei lytse stapkes. En komme mei oplossings foar de grutte fragen fan dizze tiid. It bliuwt oersichtlik en begryplik en dêrtroch fiele minsken harren der mear by belutsen. En dan kin in iepen en prikkeljend kultureel programma, sa’t LF2018 bedoeld is, katalysator wêze foar sa’n proses fan feroaring. Dat is wêr’t LF2018 yn de kearn oer giet. Mar it proses stuiteret soms as in mienskippybal. En dat is ek net sa frjemd.
It projekt Lân fan Taal siket antwurd op de fraach hoe’t in regionale taal libjend bliuwe kin yn in globalisearjende wrâld. Sense of Place giet oer de betsjutting fan de hast fergetten kenmerken fan ús unike ynternasjonale Waadgebiet. Welcome to the Village besiket yn in festivalomjouwing ynnovaasjes op lytse skaal stâl te jaan mei projekten as Innofest. Sjoch dêr, samar trije Europeeske ferhalen. En ja, hjir en dêr sil de mienskip prikkele wurde, him ûngemaklik fiele en op al dy nije paden syn eigen paad wat bjuster reitsje. Is dat net altyd sa by feroaring fan koers?
Dy skries liket better as de minske te sjen dat syn briedlân syn lân net mear is. De predaasje fâlt him gâns hurder op ‘e lea as tweintich jier lyn. Ja, no sjogge wy it ek. Wêr binne de blommen, de fette wjirms?
It projekt Kening fan’ e Greide, it boargerinisjatyf, giet oer de soarch oer de ferskraling fan ús lânskip. It ferbynt de maatskiplike fraach oer de feroaring fan it lânskip, oan djippere kulturele wearden fan de regio. Mei de skries as metafoar en spegel foar de minsk. Ek in grut Europeesk tema, dat wy yn 2018 yn breder ferbân as Celebrating Diversity sichtber meitsje sille.
De skries fergrizet, krijt har piken net mear grut. Krekt as de measte oare greidefûgels. En wy witte al dy tiid goed wat de oarsaak is. In oprjochte, djip belutsen mienskip sjocht it mei ôfgrizen oan. De skries har jierlikse reis fan Afrika nei Fryslân wurdt elk jier sprekwurdlik dreger. Har neiteam is net mear yn steat de populaasje op nivo te hâlden.
Dy skries liket better as de minske te sjen dat syn briedlân syn lân net mear is. De predaasje fâlt him gâns hurder op ‘e lea as tweintich jier lyn. Ja, no sjogge wy it ek. Wêr binne de blommen, de fette wjirms? Hjir en dêr sjogge wy in wekkere en belutsen boer, dy’t in wetterpôle foar syn greidefûgels makket. Miskien hast wol tsjin better witten yn. Ek hy fielt de feroaring, en der falle wurden út syn taal. Hokker skries sit noch op hokker hikke?
It ekologysk systeem fan it boerelân, sa’n 70 prosint fan it Fryske lân, is út lykwicht. De predatoaren komme de mylde winters mei in oerdied oan iten maklik troch. Gouden tiden foar de foks, marter of mûzebiter. Oer in fersteurd ekologysk systeem sprutsen: hoe sit it mei it tebekrinnen fan it tal ynsekten? Hokker grutte fragen ropt dizze skries net op? It fraachstik fan de wrâldwide druk op sûne ekosystemen en de trochgeande ôfname fan it bioferskaat. De skries is de yndikator foar it wolwêzen fan it sa unike kultuerlânskip fan Nederlân. En fertelt dêrmei ek hoe’t it mei ús as minsken giet. Hoe sûn is dy leefomjouwing noch?
Je sille mar greidefûgel wêze! Fyn yn ús greide of op ‘e bou noch mar in gaadlik plakje. It lân is stil en dea. It wetter stiet leech yn de sleatten, de grûn is bonkehurd. En de skries ropt: 'Wêr yn fredesnamme fyn ik wjirmen of ynsekten foar myn jonge piken!' De fûgelwacht stiet der gûlend by.
We kinne prate oer lânskipspine mar ek dreame oer lânskipslangstme. Wat minder nei inoar wize en wat mear sels op de bres springe. De finger opstekke en sels yn aksje komme.
It is te koartsichtich om de boer fan alles de skuld te jaan. De boerestân, sa djip bewoartele yn ús mienskip, wurdt konfrontearre mei lânbouprizen en adviseurs dy’t him ta rasjoneel buorkjen en skaalfergrutting driuwe. Wa’t it boerehert begrypt, begrypt ek dat hy syn keuze basearret op oerlibjen. It is wrakseljen om syn famyljebedriuw fatsoenlik oer te dragen op in folgjende generaasje. Mar moat it no sa? Kin it, mei elkoar, net oars?
We kinne prate oer lânskipspine mar ek dreame oer lânskipslangstme. En oer it Frysk yn it ûnderwiis kinne wy skrieme, mar ek de ferantwurdlikheid nimme troch der wat oan te dwaan. Wat minder nei inoar wize en wat mear sels op de bres springe. De finger opstekke en sels yn aksje komme. At je skerp sjogge dan witte je dat dy mentaliteit al op in boel plakken opbloeit.
Dêr moatte wy hinne mei ús winnende LF2018 bidbook. Sjoch net langer nei al de direksje- of bestjoerswikselingen, mar hâld de reade tried fêst. Sjoch it projekt LF2018 as in proses. In proses fan tweintich jier dêr’t wy yn 2010 mei begûnen en dêr’t wy yn 2030 fan sizze kinne dat it fan betsjutting west hat. It jier 2018 is dêryn in tuskenstasjon.
Hoe doare wy ússels te pleatsen yn dy nije tiid? Hoe steane wy tsjinoer de útdagingen fan ús regio as foarbyld fan rurale regio’s yn Europa? Binne wy in wingewest foar grutte stêden en bedriuwen, of hawwe wy op in oare manier in eigen plak? LF2018 giet oer de fraach hoe’t we omgean mei ús takomst. Dy syktocht foarút. Fansels woartele yn de regio mei syn eigen rituelen en gebrûken. Mar mei in iepen blik foarby de hoarizon fan hjoed. Yn al de praktyske drokte om LF2018 hinne liket dit ferhaal wolris tefolle ûnder te snijen.
Bêste bewenners en politisy, jou de romte. Romte foar dreamen en dieden. Kom út de kramp fan alle dei. Lit jim útdaagje en daagje oaren út. Meitsje gebrûk fan de rykdom oan ideeën.
Op de dei dat ús nije kommissaris fan de kening de doar fan it Provinsjehûs ynstapte, sei Bert Looper, direkteur fan Tresoar, dat it proses fan mienskip nei iepen mienskip ek it sykjen is nei it fernijen fan ús regionale identiteit. Us skaaimerken feroarje, troch ûnder oaren de globalisearring, stap foar stap fan kleur. Dat jout ek in geweldich perspektyf. Romte om oer te dreamen. Enerzjy om wjerstân te oerwinnen. De efter-de-karre-hingers hingje te litten en de foaroprinners rinne te litten. Dan is der romte foar bloei. It sykjen nei in nije tiid.
It wie net foar neat dat de enerzjy fan it winnende proses út in groep jonge kreative tinkers en doggers kaam, kooperaasje 2018, mei in mentaliteit fan ‘deryn batse’. Dy mentaliteit is yn ‘e takomst fan grutter belang. It bart faker dat nije oplossings net fan al drok begiene paden, mar krekt út ûnferwachte hoeke komme. Dat neamt men ‘disrupsje’. Disruptive innovation is konfrontearjend en kin de boel behoarlik op ’e kop sette.
Soks wurdt miskien as bedriigjend sjoen. De eigenwizens en dwersens om bûten de bekende paden te stappen is lykwols nedich. Ek al wurdt der efter de âlde burelen dan skodholle. It giet dus oer nije yntervinsjes yn besteande maatskiplike fraachstikken. Dat is wêr’t de honger nei fernijing sit en de tiid ek om freget. It trochbrekken fan kollektive ûnmacht wêr’t grutte fraachstikken soms mei besibbe binne. Nei it sykjen fan perspektyf. It freget lef om dêr genôch azem foar te finen. In maatskiplike bûtenboardmotor oan te trunen mei in aginda foar fiif oant tweintich jier foarút. Los fan de dynamyk fan it momint.
Bêste bewenners en politisy, jou de romte. Romte foar dreamen en dieden. Kom út de kramp fan alle dei. Lit jim útdaagje en daagje oaren út. Meitsje gebrûk fan de rykdom oan ideeën. Tink net yn hokjes, tink net op koarte termyn. Mei it trochknippen fan lintsjes kin men hjoed net mear skoare, dat is âlde polityk.
Ek dy skries freget om mei oare eagen nei it hjoed en it moarn te sjen. Wy kinne begjinne om hjir mei-inoar yn alle iepenheid oer te praten. Lit LF2018 ek dat momint wêze en sjoch dat it al begûn is. Wy hawwe al genôch âlde kij út ‘e sleat helle. Dat is wat de skries ús freget. Set dyn tosken yn in nije tiid.
Klaas Sietse Spoelstra is mei-inisjator fan LF2018 en fan Kening fan’ e Greide, yn it ramt fan LF2018 ûnder de titel Celebrating Diversity.
SEIS OERE THÚS 
Kom dyn nêst út jonge
It nêst waarm fan ferline
Skuor iepen de gerdinen
Spring derút de dei is nij
Hearst de klokken
De takomst ropt om dy
Mei juster achterop
Hast altyd tsjin ’e wyn yn
Doar dysels opnij te finen
Flean dyn eigen skaad foarby
En fluitsje
Fluitsje dy wer nij
En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge
Seis oere thús
De fearten fol mei âlde kij
Dy’t oeral wat fan fine
Lit de sinne foar dy skine
Hear de fûgels, do bist frij
Fiel de grûn fiel dy bûn
Foar altyd ferbûn oan dy
En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge
Fertel my watsto net witst
En ik folgje en ik folgje
Ferjit fan wa’sto der ien bist
Want ik ken dy
Nim my mei yn dyn dreamen
Nei wêrsto noch net bist
Set dyn tosken yn in nije tiid
Set dyn tosken yn in nije tiid
Nynke Laverman
Zet je tanden in een nieuwe tijd
De zoektocht van een mienskip (gemeenschap) naar een iepen mienskip (open gemeenschap). Een zoektocht naar de positie van Fryslân in de tijd die voor ons ligt. Dat is het mooie van het LF2018-themalied ‘Seis oere thús’ fan Nynke Laverman, dat de bedoeling van LF2018 zo goed verwoordt.
Dit artikel is op 29 mei 2017 gepubliceerd in de LC.
Klaas Sietse Spoelstra
Op zoek naar andere antwoorden op nieuwe vraagstukken over de Friese stad en zijn platteland. Zodat we daar in de jaren na 2018 iets aan overhouden. Dat zoekende verhaal speelt in Fryslân, maar ook op zoveel andere plaatsen op het Europese platteland.
LF2018 was tot dusverre een zaak van vallen, opstaan, verliezen en uiteindelijk winnen. Bij tijd en wijle ging het op en neer als een achtbaan. Hoe sta je in zo’n proces? Soms zag je het doel helder voor ogen en voelde je de diepe betekenis, dan weer de wrevel en de cynische gedachte: heeft het nog niet genoeg geld gekost? Moet dat nou wel doorgaan, zo’n 18 meter lange walvis in de Harlinger haven?
Leeuwarden heeft de competitie European Capital of Culture gewonnen op het thema ‘fan mienskip nei iepen mienskip’. In dit winnende concept durven we onszelf in een ingrijpende en snel veranderende tijd niet alleen vragen te stellen maar ook antwoorden te geven. De antwoorden worden van onderop gezocht, liever dan vanuit de bestuurlijke of institutionele kaders. Van onderop betekent ook: van dichtbij en vaak met kleine stapjes. En oplossingen bieden voor de grote vraagstukken van deze tijd. Het blijft overzichtelijk en begrijpelijk, en daardoor voelen mensen zich er sterker bij betrokken. En dan kan een open en prikkelend cultureel programma, zoals LF2018 bedoeld is, een katalysator zijn voor zo’n veranderingsproces. Dat is waarover LF2018 in de kern gaat. Maar het proces stuitert soms als een mienskippybal. En dat is ook niet zo vreemd.
Het project Lân fan Taal zoekt antwoord op de vraag hoe een regionale taal levend kan blijven in een globaliserende wereld. Bij Sense of Place gaat het om de welhaast vergeten kenmerken van ons unieke internationale Waddengebied. Welcome to the Village poogt in een festivalomgeving innovatie op kleine schaal vorm te geven, met projecten als Innofest. Ziedaar, drie Europese verhalen. En ja, hier en daar zal de gemeenschap worden geprikkeld, zich ongemakkelijk voelen en op al die nieuwe wegen eens van het eigen pad afdwalen. Is dat niet altijd zo bij een koersverlegging?
Deze grutto lijkt beter dan de mens te zien dat zijn broedland zijn land niet meer is. De predatie treft hem harder dan twintig jaar geleden. Ja, nu zien wij het ook. Waar zijn de bloemen, de dikke pieren?
Bij het project Kening fan ’e Greide, het burgerinitiatief, gaat het om de zorgen over de verschraling van het landschap. Het verbindt de maatschappelijke vraag rondom de landschapsverandering aan diepere culturele waarden van de regio.  Met de grutto als metafoor en spiegel voor de mens. Alweer een groot Europees thema dat we in 2018 in breder verband zichtbaar zullen maken, als Celebrating Diversity.
De grutto vergrijst, haar jongen halen het niet. Het is nauwelijks anders met de overige weidevogels. Intussen kennen we de oorzaak. Een oprechte, diep betrokken gemeenschap kijkt in afgrijzen toe. De jaarlijkse reis van de grutto, van Afrika naar Fryslân, wordt elk jaar spreekwoordelijk lastiger. Haar nageslacht is niet meer in staat om de populatie op niveau te houden.
Deze grutto lijkt beter dan de mens te zien dat zijn broedland zijn land niet meer is. De predatie treft hem harder dan twintig jaar geleden. Ja, nu zien wij het ook. Waar zijn de bloemen, de dikke pieren? Hier en daar zien we een wakkere en betrokken boer, die een zompig grasland voor zijn weidevogels aanlegt. Misschien wel tegen beter weten in. Ook hij voelt de verandering, en er vallen woorden uit zijn taal.
Het ecologisch systeem van het boerenland – zo’n 70% van het Friese landschap – is uit het lood. De predatoren doorstaan de zachte winters probleemloos, door een overdaad aan voedsel. Gouden tijden voor de vos, de marter, de buizerd. Over een verstoord ecologisch systeem gesproken: hoe zit het met de teruglopende insectenaantallen? Hoeveel grote kwesties roept de grutto wel niet op? Het vraagstuk van de wereldwijde druk op gezonde ecosystemen, het aanhoudend afkalven van de biodiversiteit. De grutto as indicator voor het welzijn van het zo unieke Nederlandse cultuurlandschap. Hij vertelt daarmee ook hoe het met ons als mensen gesteld is. Hoe gezond is die leefomgeving nog?
Je zult ’t maar zijn: weidevogel! Vind nog maar ’ns een lekker plekje in onze weilanden, op onze akkers. Het land is stil en dood. Het water staat laag in de sloten, de grond is bikkelhard. "Waar kan ik in vredesnaam nog wormen of insecten vinden voor mijn jonkies?’ De vogelwacht staat erbij te grienen.
We kunnen praten over landschapspijn, maar ook dromen over landschapsverlangen. Een beetje minder naar elkaar wijzen, een beetje meer zelf op de bres springen. Je vinger omhoogsteken en zelf in actie komen.
Het is kortzichtig om de boer van alles de schuld te geven. De boerenstand, zo diep in onze gemeenschap geworteld, ziet zich geconfronteerd met landbouwprijzen en adviseurs die oproepen tot rationeel boeren en schaalvergroting. Wie het boerenhart begrijpt, begrijpt ook dat diens keuze berust op overleven. Het is een worsteling om zijn familiebedrijf over te dragen op een volgende generatie. Maar moet het nu zo? Kan het niet anders? Met elkaar?
We kunnen praten over landschapspijn, maar ook dromen over landschapsverlangen. En het Fries in het onderwijs kunnen we beweeklagen, maar we kunnen ook de verantwoordelijkheid nemen door er zelf iets aan te doen. Een beetje minder naar elkaar wijzen, een beetje meer zelf op de bres springen. Je vinger omhoogsteken en zelf in actie komen. Wie scherp kijkt, ziet dat die mentaliteit al op veel plekken opbloeit.
Daar moeten we heen met ons winnende LF2018-bidbook. Vestig de blik niet langer op de directie- of bestuurswisselingen, maar houd de rode draad in het oog. Zie het project LF2018 als een proces. Een proces van twintig jaar, waarmee we in 2010 waren begonnen en waarvan we in 2030 zullen kunnen zeggen dat het van betekenis is geweest. Het jaar 2018 is daarbij een tussenstation.
Hoe durven we onszelf te positioneren in die nieuwe tijd? Hoe staan we tegenover de uitdagingen van onze regio als voorbeeld van rurale regio’s in Europa? Zijn we een wingewest voor grote steden en bedrijven, of hebben we op een andere wijze een eigen positie? LF2018 gaat over de vraag hoe we omgaan met onze toekomst. De zoektocht naar voren. Natuurlijk wortelen we in de regio, met onze eigen rituelen en gebruiken. Maar met de blik open, voorbij de horizon van heden. Bij alle praktische rompslomp rondom LF2018 lijkt dat verhaal wel eens onder te sneeuwen.
Beste bewoners en politici, geef de ruimte. Ruimte voor dromen en daden. Kom uit de kramp van alledag. Laat je uitdagen en daag zelf uit. Maak gebruik van de rijkdom aan ideeën.
Op de dag dat onze nieuwe Commissaris van de Koning over de drempel van het Provinciehuis stapte, zei Bert Looper, directeur van Tresoar, dat het proces van mienskip naar iepen mienskip ook het zoeken is naar de vernieuwing van onze regionale identiteit. Onze kenmerken verschieten allengs van kleur, onder meer wegens de globalisering,. Dat biedt ook een geweldig perspectief. Ruimte om te dromen. Energie om weerstand te overwinnen. De achter-de-kar-hangers te laten hangen en de voorlopers voorop te laten lopen. Dan is er ruimte voor bloei. Het zoeken naar een nieuwe tijd.
Niet voor niets kwam de energie van het winnende proces van een groep jonge, creatieve denkers en doeners: Kooperaasje 2018, met een mentaliteit van ‘er vol in vliegen’. Zo’n mentaliteit is in de toekomst van groter belang. Meer en meer komen nieuwe oplossingen van niet al te druk begane paden, maar juist uit onverwachte hoek. Dat noemt men ‘disruptie’. Disruptive innovation is confronterend en kan de boel nogal overhoop gooien.
Dat wordt wellicht als bedreigend ervaren. De arrogantie en koppigheid om buiten de bekende paden te treden is echter broodnodig. Ook al schudt men hoofden achter oude burelen. Het gaat dus over nieuwe interventies in bestaande maatschappelijke vraagstukken. Dat is waar de honger naar vernieuwing zit en waar de tijdsgeest ook om vraagt. Het doorbreken van collectieve onmacht waarmee grote vraagstukken soms vergroeid zijn geraakt. Naar het zoeken van perspectief. Het vergt lef om daar voldoende adem voor te scheppen. Een maatschappelijke buitenboordmotor aan te slingeren met een agenda voor vijf tot twintig jaar vooruit. Los van de dynamiek van het heden.
Beste bewoners en politici, geef de ruimte. Ruimte voor dromen en daden. Kom uit de kramp van alledag. Laat je uitdagen en daag zelf uit. Maak gebruik van de rijkdom aan ideeën. Denk niet in hokjes, denk niet op korte termijn. Met het doorknippen van lintjes scoor je tegenwoordig niet meer, dat is oude politiek.
Ook die grutto vraagt ons het heden en morgen met andere ogen te bekijken. We kunnen beginnen met daarover samen te praten, in alle openheid. Laat LF2018 ook dat moment zijn, en zie dat het al begonnen is. We hebben al genoeg oude koeien uit de sloot gehaald. Wat is wat de grutto ons vraagt: zet je tanden in een nieuwe tijd.
 Klaas Sietse Spoelstra is mede-initiator van LF2018 en van Kening fan ’e Greide, in het kader van LF2018 onder de titel Celebrating Diversity.