Nije telefyzjerige "Thúshaven Bartlehiem"

Wêr fielst dy thús? En wat is dan krekt itjinge dat dy it gefoel jout, datst thús bist? Mei dizze fragen giet filmregisseur Froukje van Wengerden op reis troch Fryslân. Mei har kameraman en lûdsman makket se in nije telefyzjerige foar Finster op Fryslân. Se binne oan board fan it skip 'Eestroom' en farre troch Fryslân. Har heit Jan van Wengerden is de skipper.
Underweis sil Froukje prate mei minsken oer it tema thúsfiele. Miskien it plak dêr'st berne bist, in gewoan doarp ergens yn Fryslân. Of bist dêr oait mei in hiele goeie reden weigien, en wolst noait wer werom. Miskien komst net út Fryslân, mar út in hiel fier lân, en moatst it mar oprêde op it plak dêr'st tafallich telâne kommen bist. Elk minsk hat syn eigen ferhaal, en Froukje hopet in protte minsken te moetsjen.
Neist de telefyzjerige foar Finster meitsje Froukje en har filmcrew ek in dokumintêre foar FryslânDOK, by Omrop Fryslân. Yn de hjerst fan 2017 sille se te sjen wêze op ynternet en op telefyzje. Har projekt hjit 'Thúshaven Bartlehiem', it plak dêr't se berne is. Foar Froukje sels is de fraach wêr't se har thúsfielt, ek in grut ûnderwerp.