Jitiizer en de Folksstjerrewacht yn 'Ik bin benijd!' #10

08 maaie 2017 - 19:29

Hendrik Boonstra is in entûsjast panellid foar 'Ik bin benijd!', mar yn syn frije tiid docht er ek noch séls wat kultureels: Hy is sjonger fan de band Jitiizer. Lidwien giet nei it befrijingsfestival, dêr't Hendrik optreedt. En dêr treft se ek noch twa oare panelleden: Marit-Ellen en Lisanne! Se hawwe mei syn allen in protte lol.

Jorn giet nei in serieus ynteressante aktiviteit yn de provinsje: de Folksstjerrewacht yn Burgum. Foar wa't mear oer de stjerren en de planeten witte wol.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)