Fersefilla: Rekke yn alle sintugen

25 apr 2017 - 08:00

Fryske gedichten binne yn mannich poëzijbondel te finen, mar wat foar rol spylje se yn it deistich libben? Yn Fersefilla fertelle ynwenners fan Fryslân oer gedichten dy’t har nei oan it hert lizze.

Diel 10: Popke van der Zee, âld learaar Ingelsk en teaterman út Mantgum yn syn hobbyhok oer ien fan de fersen fan de fersesyklus In memoriam fan Douwe Tamminga. Mei Froukje Reitsema spile er ferline jier de foarstelling Foar dy nei dy. Dramaturch Bouke Oldenhof ferwurke ferhalen en teksten fan beide spilers ta in foarstelling. It In memoriam fan Douwe Tamminga rûn dêr as in reade tried trochhinne.

Tekst en byld: Gerbrich van der Meer

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)