Histoaryske houtfeart yn 2018 nei houtseachmole De Rat

Houtfeart 2018 is in grut evenemint om it tema hout en houtfeart mei histoaryske transportskippen. Beamstammen wurde as flot út Noarwegen nei Fryslân ta lutsen troch âlde slepers. Krekt sa't dat eartiids gie. Se wurde yn de provinsje begelaat troch sa'n 80 oare histoaryske skippen. Klippers, aken, tjalken, kof- of frachtskippen, houten boaten grut en lyts sille ûnder oaren nei Ljouwert, Dokkum en Snits. Eltsenien kin meifarre. Op en om de boaten binne dan allegear aktiviteiten te dwaan foar jong en âld.
Houtseachmole De Rat
It eindoel fan it houttransport is houtseachmole De Rat yn Drylts. Noarske boskbou-studinten hawwe de beamstammen seage en op transport dien. By De Rat wurde der planken fan seage. Fan it hout wurdt wat keunstsinnichs makke, ek wer troch studinten. Of miskien wurdt it wol in 'tiny house'. Of in hiel doarpke. De organisaasje fan Houtfeart 2018 ferwachtet dat it bomfol wurdt yn Drylts at de float dêr leit. En ek yn de gruttere plakken wurdt in soad animo ferwachte.
Houtfeart 2018 fynt plak yn july fan dat jier.