Knisterjend op klompen - Ik bin benijd! #6

'Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje' fan Tryater is foar lytse bern, mar giet oer in grut ûnderwerp: al dy pûdsjes dy't wy fuortsmite wurde yn de oseaan in grut plestik sop. Dat is in ramp foar de natoer. Foar 'Ik bin benijd!' giet Lydia nei dizze bernefoarstelling.
En Hendrik rint graach op klompen. Hy hat sels klompen fan syn band Jitiizer. Mar no komt hy foar it earst yn it Klompemuseum yn Noardburgum. Hannes Scherjon lit sjen hoe't klompen makke wurde. Hy fertelt oer de skiednis fan dit famyljebedriuw.