Showtime! #5 Hidde

23 mrt 2017 - 06:00

Hidde spilet trom by showkorps de Marko's yn Burgum. Hy is op de foto setten en ynterviewd troch Tryntsje Nauta. Sy portrettearret leden fan Fryske showbands mei as doel de kultuerhistoarje te toanen. Uteinlik wol se der in boek fan meitsje by de Afûk. Finster op Fryslân lit de portretten sjen. Dit is Hidde.

Hidde, 8 en-in-heal jier

Groep 5 van basisskoalle de Arke in Burgum.

Korps: De Marko’s, Burgum

Ynstrumint: trom

Hidde: ‘Mem kryg in app’ke fan de Marko’s en frege oft ik ek op drummen woe. Doe sei ik fan ‘jawol’. Mei in pear freontsjes bin ik der by gien. Ik sit der no mear as twa jier by. De jeugdband fan de Marko’s hat ûngefear 10 leden. It klinkt leuk en ik fyn it ek leuk om iets mei myn hannen te dwaan. En ik fyn muzyk meitsjen hiel leuk!

De moaiste ferskes fyn ik de Verwisselmars en de Paukenmars. Minder leuk fyn ik ‘Follow me’, der reitsje ik steeds it ritme kwyt. Omdat de snare hiel snel spilet en de doffe trom wat stadiger, reitsje ik de tel kwyt. It rinnen is soms ek in bytsje lêstich. Je moatte mei rjochts begjinne, mar ik begjin faak mei links.

It is hiel leuk by de Marko’s, we hawwe ek knutselmiddeis en bingo. Lêsten ha wy oant skatsykjen west yn Bakkefean. Yn de simmer ha we by it Iepenloftspul ‘Dwerskop’ by it nije akwadukt yn Burgum spile. We wiene sminkt en ferklaaid. Doe mochten we ûnder it akwadukt troch rinne en in ferske spylje. Dat klonk hiel moai.’

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)