Firtueel 3D-museum foar fergetten bewegings

Der komt der in nij firtueel museum foar âlde techniken as it seinemeanen, wylgetiennen frisselje, fiskersnetten boetsje en sels breidzje of hake. Dizze 'hast fergetten bewegings' binne ymmaterieel kultureel erfguod.
It Museum of Almost Lost Movements (MALM) wurdt in online museum mei trijediminsionale bylden. Boppedat is it ynteraktyf. De bedoeling is dat eltsenien mei in saneamde 3D-motion-capture-applikaasje sels bewegingen fêstlizze kin. Dy kin je dan uploade nei it online museum.
Firtueel 3D-museum foar eltsenien
It Ljouwerter bedriuw Grendel Games hat mei seis oare partners in oanfraach dien foar finansiering fan in firtueel 3D-museum. Sa wurdt kennis fan de bewegings opslein, sadat dy brûkt wurde kin yn nije (technyske) tapassings. Grendel Games, bekend mei 3D motion-capture hat in prototype ûntwikkele om te sjen at it wurket. Der is in model makke fan in seinemeaner.
Nei ferrin fan tiid komt der in grutte database mei 3D-bewegings. Eltsenien kin ek sels 3D-opnames meitsje en dy uploade mei in spesjale app. Der binne in soad tapassings mooglik. Yn de amusementssektor, mar ek yn de produksje-yndustry of yn de medyske wrâld. Hannelings fan in sjirurch kinne bygelyks fêstlein wurde om se letter te bestudearjen.
Koreaanske dûns
It idee foar it Museum of Almost Lost Movements ûntstie doe't Laning mei guon kollega's fan Grendel Games op reis wie yn Japan. Dêr troffen se in professor fan de universiteit fan Kyushu. Hy liet in foarbyld sjen fan in Koreaanske dûns. Dy wurdt allinnich noch troch in lyts groepke froulju op it plattelân fan Korea útfierd. It plattelân dêr rint leech, en dêrmei ferdwynt ek de tûzenen jierren âlde dûns. Dy dûns is doe fêstlein op film. Dat ynspirearre ta it idee om ferdwinende bewegings trijediminsionaal te sammeljen en sa de kennis te bewarjen.
It MALM is in gearwurking fan Grendel Games, de provinsje Fryslân, guon gemeentes en ynternasjonale partners. At de finansiering rûn is, meitsje se dizze simmer in begjin mei it museum. Yn de takomst moat it mooglik wêze om mei techniken as de Microsoft-HoloLens en Google-Cardboard hiele sênes te rekonstruearjen of oantinkens op te bouwen. Sa soene je dan omstappe kinne yn in firtuele wrâld, wêryn't de hannelings en bewegings kloppe mei de werklikheid. In werklikheid dy't miskien al lang ferdwûn is.