Ik bin benijd! #1 Ruurd Wiersma Hûs

Trou-amtner Lidwien giet op besite yn it Ruurd Wiersma Hûs yn Burdaard. It lytse húske is eartiids fan ûnder oant boppen beskildere troch de âld-molkfarder Ruurd Wiersma. Sels syn klompen binne beskildere.
Hendrik Boonstra, ek wol bekend as Reade Rikus fan de band Jitiizer, dûkt yn it ferline by Tresoar. Syn foarâlders binne like honkfêst as hy sels.
En wat die Rembrandt yn Fryslân?