18yn2018 #7 Berend en Meyke

29 des 2016 - 09:57

Yn de lêste oflevering fan 18yn2018 Berend van der Wal út Jobbegea en Meyke van Zuijlen út Akkrum.

Berend is in techneut en sit op it MBO yn Drachten. Op syn foarige skoalle waard hy pesten. No giet it goed. Syn heit en mem ha plannen om oer twa jier te ferhúzjen nei Denemarken, mar Berend wol net mei.

Meyke is krekt sechtjin wurden. Sy hat ADHD mar is opholden mei de medisinen. No fielt se har folle mear harsels. At sy har VMBO diploma hat, wol sy nei de oplieding Cibap yn Zwolle, omdat se wat mei keunst dwaan wol.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)