Frysk ûnderwiis ûnder de maat

23 des 2016 - 15:10

Sawat trijehûndert aksjefierders hawwe tongersdeitejûn yn Ljouwert demonstrearre foar ferbettering fan it ûnderwiis yn it Frysk. De organisaasje wie yn hannen fan aksjegroep Sis Tsiis. Nei't de demonstranten harren sammele hiene op it Saailân, gie it yn in fakkeloptocht troch de stêd. De demonstraasje moat derfoar soargje dat it Frysk wer in folweardich plak kriget op de skoallen.

Bekende Friezen dy't meidiene wiene Wout Zijlstra, Gurbe Douwstra, Nynke Laverman en Gerrit Breteler. As it ûnderwiis net gau ferbetteret, komt it net goed mei de Fryske taal, fine de aksjefierders.

Deputearre Sietske Poepjes reagearret op de demonstraasje, dat se har de krityk bot oanlûkt. Se wol yn petear mei de aksjegroep.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)