18yn2018 #6 Isabelle, Lars en Hilda

22 des 2016 - 07:35

Yn dizze ôflevering fan 18yn2018 Isabelle Bootsma fan Ljouwert, Lars Bosma ut Nes (Akkrum) en Hilda Lageveen yn Sint Jansgea.

Isabelle docht de oplieding foar ûnderwiisassistint op it Friesland College yn Ljouwert. Mar se dreamt derfan om aktrise te wurden. Har mem wie it ôfrûne jier slim siik en har sus Anna is it hûs út.

Lars Bosma sit yn 5-VWO en giet nei skoalle yn Grins. Troch al dat reizigjen hat hy eins gjin frije tiid mear oer. De heit en mem fan Lars binne yntusken skieden, hy wennet mei broerke Sven by syn mem.

Hilda hat mear as in jier mei it gesin yn in caravan wenne. It nije hûs wie noch net klear en it âlde al ferkocht. Yntusken binne se ferhuze nei it grutte hûs yn Sint Jânsgea, dat de heit en mem fan Hilda sels boud hawwe.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)