Nij by Finster: 'Ik bin benijd!'

17 nov 2016 - 06:00

Finster op Fryslân is benijd hoe kultureel ofsto bist!

Giest graach nei konserten, bist gauris yn it teater te finen, of giest leaver nei in museum om in moaie tentoanstelling te besjen? Miskien fynst it dan leuk om mei te dwaan oan it programma 'Ik bin benijd!'

Febrewaris 2017 komt der in nije edysje fan dit programma op de website fan Finster op Fryslân. De rige fan tweintich ôfleveringen, makke troch Marleen Godlieb, is dêrnei ek te sjen by Omrop Fryslân telefysje.

Wolsto foar 'Ik bin benijd!' nei in foarstelling of konsert? Kultuer snuve yn in museum of ergens bûtendoar? Jou dy dan op fia dit formulier.

Trefwurden: 
LF2018 Finster op Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)